Wikipedy:Haadside-ynfo/side fan de wike 2019

Siden fan de wike yn 2019 bewurkje seksje

Wike 1

 

De Nijstêd (Nederlânsk en offisjeel: Nieuwestad) is in strjitte yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert. It is de wichtichste winkelstrjitte fan Ljouwert, dy't rûchwei yn east-westrjochting troch de binnenstêd rint. De Nijstêd wurdt troch in grêft ferdield yn in 'stille' en in 'drokke' kant. Beide kanten wurde ferbûn troch in tal brêgen oer de grêft. Der komme ferskate oare strjitten en stegen op 'e Nijstêd út. Oan it begjin (de westein) fan 'e 'stille kant' stiet it Burmaniahûs, dat funksjonearret as it gemeentehûs fan Ljouwert. Fierders steane der 41 oare ryksmonuminten oan 'e Nijstêd, wêrûnder de Waach.

Lês fierder


besjen


Wike 2

 

Ernesto Cardenal (folút: Ernesto Cardenal Martínez; Granada, 20 jannewaris 1925) is in Nikaragûaansk dichter, essayist, oersetter, roomsk preester, teolooch en politikus. Jierrenlang krewearre er yn syn heitelân fanút syn leauwe, as befrijingsteolooch, tsjin 'e diktatuer fan 'e Somoza-famylje, en wied er in aktyf lid fan it sandinistyske ferset. Nei de Nikaragûaanske Revolúsje fan 1979 waard er minister yn it nije sandinistyske regear, wat him streekrjocht yn botsing brocht mei de paus. Oant de dei fan hjoed is Cardenal aktyf op 'e lofterside fan 'e Nikaragûaanske polityk. Fierders wied er de stifter fan 'e primitivistyske keunstnerskoloanje op 'e Solentiname-eilannen, en hat er mei syn poëzij in djippe ynfloed útoefene op 'e Spaansktalige literatuer. Hy wurdt wol beskôge as de wichtichste libbene Latynsk-Amerikaanske dichter.

Lês fierder


besjen


Wike 3

 

Baba Jaga is in mytysk wêzen út 'e Slavyske folkloare fan Ruslân en de oare Eastslavyske gebieten, dat de foarm oannimt fan in misfoarme en/of grizelich útsjende âldere frou. Fanwegen har ferskining en har gebrûk fan tsjoenderij wurdt se yn 'e regel beskôge as in heks, mar se soe likegoed in wâldgeast wêze kinne, en guon folkloristen beskôgje har as in froulik archetype, in foarâlderfiguer of in goadinne mei krêften op it mêd fan 'e moanne, winter, slangen, fûgels en/of de ierde. Baba Jaga ferpleatst har yn in reuseftige fleanende fizel, hat in stamper by har en wennet djip yn it wâld yn in hutte dy't op hinnepoaten (of soms ien inkele hinnepoat) stiet. Se is in riedselich figuer mei in grut tal fasetten; sa komt se soms nei foarren as in trickster, soms as in kannibaal en soms as de helpster fan 'e haadpersoanen yn heldeferhalen.

Lês fierder


besjen


Wike 4

 

Ierlân (Iersk: Éire; Ingelsk: Ireland; Ulsterskotsk: Airlann) is in tige grut eilân dat ta Jeropa heart. It leit yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, en foarmet mei Grut-Brittanje en hûnderten lytsere eilannen de arsjipel fan 'e Britske Eilannen. Fan dy eilannegroep is Ierlân it op ien nei grutste eilân, nei Grut-Brittanje. Ierlân wurdt wol 'it Griene Eilân' neamd, fanwegen syn wielderige plantegroei. Steatkundich omfiemet Ierlân de ûnôfhinklike Republyk Ierlân en it ta it Feriene Keninkryk hearrende Noard-Ierlân.

Lês fierder


besjen


Wike 5

 

It fûnemint fan de polityk yn Nederlân is de grûnwet, dêr't de steatsynrjochting fan Nederlân yn fêstlein is as konstitúsjonele monargy en desintralisearre ienheidssteat mei in parlemintêre demokrasy. Nederlân is ek in konsensusdemokrasy, wat ynhâldt dat de polityk karakterisearre wurdt troch it besykjen om ta oerienstimming te kommen. De wichtichste politike ynstellings fan Nederlân binne de monargy, de Steaten-Generaal (it parlemint), it regear en it dêrút foarme kabinet. Dêrnjonken binne der de ûnderskate politike partijen dêr't de Nederlânske folksfertsjintwurdigers by oansletten binne, en fierders de saneamde Hege Kolleezjes fan Steat, lykas de Ried fan Steat, de Algemiene Rekkenkeamer en de Nasjonale ombudsman. Behalven de Ryksoerheid ken Nederlân ek twa nivo's fan desintrale oerheden, te witten: de provinsjes en de gemeenten.

Lês fierder


besjen


Wike 6

 

Rebecca Romijn (folút: Rebecca Alie Romijn; Berkeley (Kalifornje), 6 novimber 1972) is in Amerikaansk model en aktrise dy't fierhinne fan etnysk Nederlânsk komôf is. Se is it bekendst wurden as mannekên foar it linzjerymerk Victoria's Secret, as glamourmodel foar it tydskrift Sports Illustrated en as aktrise yn 'e rol fan Mystique yn 'e X-Men-superheldefilms. Fierders wie Romijn û.m. te sjen yn tillefyzjesearjes as Ugly Betty, King & Maxwell en The Librarians. Under har houlik mei akteur John Stamos stie hja bekend as Rebecca Romijn-Stamos.

Lês fierder


Besjen


Wike 7

 

De Hongaarske Opstân of de Hongaarske Revolúsje fan 1848 wie in algemiene opstân yn 'e etnysk Hongaarske dielen fan it Keninkryk Hongarije, dy't begûn yn it Revolúsjejier 1848. De Hongaren wiene wisberet om selsbestjoer te winnen nei mear as trijehûndert jier oerhearsking troch de Eastenrykske Habsburch-dynasty. Troch in ûnfersoenlike opstelling fan sawol de Eastenrykske konservativen as de Hongaarske separatisten, dy't in folsleine ôfskieding fan Hongarije bewurkmasterje woene, rûn it konflikt út op in iepen rebûlje. Dêrby namen de Hongaren it net inkeld op tsjin 'e Eastenrikers, mar ek tsjin 'e Kroäten, de Serven, de Roemenen, de Slowaken en ferskate oare etnyske minderheden yn eigen lân, dy't de kant fan Eastenryk keazen. Nettsjinsteande dat lieken de Hongaren op 'e oerwinning oan te gean, oant se troch de Russen, dy't bûnsgenoaten fan 'e Eastenrikers wiene, yn 'e rêch oanfallen waarden. Dêrnei wie it rillegau dien mei de opstân. It Eastenrykske leger fierde nei de oerjefte fan 'e Hongaren in skoft lang in wier skrikbewâld yn Hongarije.

Lês fierder


besjen


Wike 8

 

De harmeling (Latynske namme: Mustela erminea), ek wol grutte wezeling, wite wezeling of (it) harmke of hermke neamd, is in lyts sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn grutte dielen fan noardlik Jeraazje (wêrûnder ek Fryslân) en Noard-Amearika. Hy liket in protte op 'e wezeling, dêr't er nau mei besibbe is, mar kin dêrfan ûnderskaat wurde troch syn gruttere stal en it swarte puntsje oan syn sturt. De harmeling stiet derom bekend dat er winterdeis syn brune hier ferliest en ynstee in wite winterpels kriget, útsein de sturtpunt, dy't swart bliuwt. Yn it ferline wie wyt harmelingebûnt tige djoer en waarden der keningsmantels fan makke.

Lês fierder


besjen


Wike 9

 

John F. Kennedy, ropnamme: Jack, folút: John Fitzgerald Kennedy en ek wol bekend ûnder syn inisjalen JFK (Brookline (Massachusetts), 29 maaie 1917Dallas (Teksas), 22 novimber 1963), wie in Amerikaansk steatsman fan etnysk Iersk komôf. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske Marine, wie fan 1946 oant 1952 foar de Demokratyske Partij lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1952 oant 1960 fan 'e Amerikaanske Senaat. Yn 1960 wûn er it by de presidintsferkiezings mei in tige smelle marzje fan Richard Nixon, wêrnei't er fan 1961 oant 1963 de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten en teffens de earste roomske Amerikaanske presidint wie. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy yn Dallas deasketten troch in slûpskutter. De fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald, waard sels twa dagen letter fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby. De moard op John F. Kennedy is sûnt mei riedsels omjûn, der binne withoefolle gearspanningsteoryen oer ûntstien.

Lês fierder


besjen


Wike 10

 

It Brief oan de Romeinen, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Ρωμαιους, Epistoli pros Romaious, ek wol koartwei Romeinen neamd, is it sechsde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de earste fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus (ôfbylde) dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud. De measte bibelwittenskippers en teologen binne it deroer iens dat it yn 'e jierren 55-57 skreaun wêze moat mei as doel om oan 'e kristlike gemeente yn Rome de ferlossing te beskriuwen dy't besletten leit yn it evangeelje. Romeinen is de langste fan 'e Brieven fan Paulus, en wurdt beskôge as Paulus syn wichtichste teologyske neilittenskip. De earste folsleine Fryske oersetting fan Romeinen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Lês fierder


besjen


Wike 11

 

Toronto (Ingelske útspr.: [tə'rɒntoʊ], likernôch "tuh-ran-too"; pleatslik ek wol [tə'rɒnoʊ], "tuh-ran-noo") is de grutste stêd fan Kanada en de haadstêd fan 'e provinsje Ontario. Bestjoerlik is it in distriktfrije gemeente dy't offisjeel de City of Toronto hjit. Mei in befolking fan mear as 2,7 miljoen minsken is it boppedat de op trije nei grutste stêd fan Noard-Amearika, nei Meksiko-Stêd, New York en Los Angeles. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, telt it saneamde Grut-Toronto sels goed 5,9 miljoen ynwenners. Toronto, dat yn 1793 stifte waard, leit oan 'e Ontariomar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. It is tsjintwurdich in wrâldstêd en in ynternasjonaal sintrum op it mêd fan hannel, finansiering, de skiene keunsten en kultuer.

Lês fierder


besjen


Wike 12

 

Karen Blixen (Deenske útspr.: [kʰɑ:ɑn 'b̥leɡ̊sn̩]; folút: Karen baronesse von Blixen-Finecke; berne as: Karen Christenze Dinesen; Rungsted, 17 april 1885 – dêre, 7 septimber 1962) wie in Deensk skriuwster, essayiste, autobiografe en keunstneresse, dy't ek skreaun hat ûnder de pseudonimen Isak Dinesen, Tania Blixen, Osceola en Pierre Andrézel. Hja wenne fan 1914 oant 1931 yn 'e Britske koloanje East-Afrika (it lettere Kenia), en is it bekendst wurden troch har autobiografyske roman oer dy jierren, Den Afrikanske Farm, dêr't yn 1985 in mannichfâld bekroande ferfilming fan makke waard ûnder de titel Out of Africa. Dêrnjonken is Blixen benammen yn Denemark ek bekend fanwegen har koarte ferhaal Babettes Gæstebud en de ferhalebondel Syv Fantastiske Fortællinger.

Lês fierder


besjen


Wike 13

 

Michiel de Ruyter is in Nederlânske histoaryske aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Roel Reiné. De film spilet yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw en lit in romantisearre ferzje sjen fan 'e wapenfeiten fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter. De titelrol waard fertolke troch Frank Lammers en de oare haadrollen waarden spile troch Barry Atsma, Charles Dance, Sanne Langelaar en Egbert-Jan Weeber. Michiel de Ruyter waard produsearre troch Klaas de Jong foar syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film. Yn it bûtenlân (útsein Flaanderen) waard de film útbrocht ûnder de titel Admiral, mei as reklameslachsin: Wars are fought by many, history is made by few. De film krige tuskenbeiden kritiken en waard nei Nederlânske mjitstêven in grut bioskoopsúkses.

Lês fierder


besjen


Wike 14

 

Barradiel (Nederlânsk en offisjeel: Barradeel) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dizze gemeente hie yn 1980 in befolking fan 6.657 minsken, en besloech in oerflak fan 61,1 km². Barradiel bestie as bestjoerlike ienheid al fan 'e fjirtjinde iuw ôf en omfieme ûnder mear de krite fan De Bjirmen. De gemeente hie in dúdlik eigen identiteit ûntwikkele, mei in eigen, justjes ôfwikende foarm fan it Klaaifrysk: it Bjirmsk. Der bestie dan ek fûleindich ferset tsjin 'e plannen om 'e gemeente op te heffen, mar ta einbeslút mocht dat net bate en gie Barradiel yn 1984 fierhinne op yn it nije Frjentsjerteradiel, wylst lytsere dielen taheakke waarden oan It Bilt en Harns.

Lês fierder


besjen


Wike 15

 

Boudewijn Maria Ignatius Büch (Den Haach, 14 desimber 1948Amsterdam, 23 novimber 2002) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en telefyzjepresintator. De sabeare autobiografyske roman De kleine blonde dood, út 1985, wie sûnder mis syn meast súksesfolle wurk. Fan dat boek binne neitiid mear as tritich ûnderskate printingen ferskynd. Yn 1993 waard it ferhaal ferfilme troch regisseur Jean van de Velde. As telefyzjepresintator makke Büch by de VARA ferskate programma's oer literatuer, en ek reisprogramma's ûnder de titel fan De Wereld van Boudewijn Büch.

Lês fierder


besjen


Wike 16

 

Apollo (Attysk Aldgryksk: Ἀπόλλων, Apollōn, útspr.: [Apɔllɔ:n], likernôch "Apollôn"; Latyn: Apollo) is yn 'e Grykske en Romeinske mytology de god fan 'e muzyk, de poëzij, keunst en wittenskip, orakels, it bôgesjitten, de genêskunde, sykten, kolonisaasje, de sinne en it ljocht. Yn 'e Grykske myten wurdt er foarsteld as de soan fan 'e oppergod Seus en de titaanske goadinne Leto, en de twillingbroer fan Artemis, de goadinne fan 'e jacht. Neitiid waard er fia de Grykske koloanjes dêre nei Itaalje ferspraat, mei as gefolch dat er opnommen waard yn it Romeinske panteön. Fia de Romeinen waard syn ferearing neitiid wer oernommen troch de Etrusken (dy't him Apulu neamden) en in grut diel fan 'e Kelten op it Jeropeeske fêstelân.

Lês fierder


besjen


Wike 17

 

Keningsdei (sûnt 2014), earder Prinsessedei (1885-1890) en Keninginnedei (1891-2013), is in nasjonale feestdei yn it hiele Keninkryk fan 'e Nederlannen, dy't sadwaande net inkeld fierd wurdt yn (Jeropeesk) Nederlân, mar ek yn Karibysk Nederlân, Kurasau, Arûba en Sint-Marten. Sûnt 2014 falt Keningsdei op 27 april, de jierdei fan kening Willem-Alexander, behalven as dat in snein is; dan wurdt Keningsdei op 26 april fierd. De fiering fan dizze feestdei giet mank mei in besyk fan 'e kening oan in plak yn Nederlân, festiviteiten yn it hiele lân (ek yn 'e foarôfgeande Keningsnacht), it dragen fan oranje kledaazje, en in frijmerk yn 'e grutte stêden. Sûnt septimber 2013 is Keningsdei opnommen yn 'e Nasjonale Ynventaris Ymmaterieel Kultureel Erfgoed.

Lês fierder


besjen


Wike 18

 

Sittende Bolle (Lakota: Tȟatȟáŋka Íyotake, útspr.: [tˣa'tˣã:ka i:jo'take]; Ingelske oersetting: Sitting Bull; oan 'e Grand River (Súd-Dakota), ±1831 – dêre, 15 desimber 1890), wie yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste opperhaden fan 'e (Sioux), in Yndiaansk folk yn it midnoarden fan 'e Feriene Steaten. Yn 1876 stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, Sjajinne- en Arapaho-krigers dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er dêr troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei Kanada ta. Nei't er him yn 1881 oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon Buffalo Bill, en gied er dêrmei op toernee troch Amearika. Yn 1890, doe't de nije religy fan 'e geastedûns ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him doe te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't dêrby ûntstie, waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.

Lês fierder


besjen


Wike 19

 

Kening Oidipoes, yn it oarspronklike Aldgryksk Οἰδίπους Τύραννος, Oidipous Tyrannos (ek wol bekend ûnder de Latynske titel Oedipus Rex), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Antígoné en Oidipoes yn Kolonos). Dêrfan foarmet it it earste diel, al wie it it twadde dat skreaun waard. Kening Oidipoes fertelt it ferhaal fan Oidipoes, in man dy't kening fan Tebe wurdt en fan syn berte ôf foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen.

Dit stik wurdt oer it algemien beskôge as it hichtepunt fan 'e Aldgrykske toanielkeunst. Iroanyskernôch behelle it lykwols mar it twadde plak yn 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus, yn 429 f.Kr., doe't it foar it earst opfierd waard, wylst de stikken fan Sofoklês dêr oer it algemien de haadpriis yn 'e wacht sleepten. De earste Fryske oersetting fan Kening Oidipoes, fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, ferskynde yn 1923. Yn 1993 waard oan Klaas Bruinsma foar syn oersetting fan Kening Oidipoes en twa oare stikken fan Sofoklês de Obe Postmapriis takend.

Lês fierder


besjen


Wike 20

 

Jouke Annes Bakker (Menaam, 3 juny 1873 - dêre, 26 septimber 1956) wie in Fryske arbeiderssoan dy't him opwurke ta Twadde Keamerlid foar de CHU. Dêrnjonken wied er op alle mooglike manieren belutsen by it ferieningslibben yn Menaam, en beklaaide er bestjoersfunksjes yn ferskate provinsjale en lanlike organisaasjes. Nei him waard yn syn bertedoarp Menaam postúm de Jouke Bakkerstrjitte ferneamd.

Lês fierder


besjen


Wike 21

 

Dubrovnik (Kroätyske útspr.: [du'bro:ʋni:k], likernôch: "dûbroovniik"), histoarysk bekend as Ragusa (of Ragûsa), is in stêd en in gemeente yn Kroaasje, dy't yn 'e lânstreek Dalmaasje oan 'e kust fan 'e Adriatyske See leit. It is ien fan 'e bekendste toeristyske bestimmings yn Kroaasje, en dêrnjonken hat it ek in wichtige funksje as havenstêd en as bestjoerlik sintrum en haadplak fan 'e Kroätyske provinsje Dubrovnik-Neretva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de stêd Dubrovnik doe rom 28.000 ynwenners, wylst de gemeente in befolking fan krapoan 43.000 minsken hie.

Fan 'e fjirtjinde iuw oant 1808 wie Dubrovnik as de Republyk Ragûsa in ûnôfhinklike steat. Yn 1667 waard de stêd by in ierdbeving fierhinne ferwuostge. De âlde binnenstêd waard yn 1979 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Yn 1991 waard Dubrovnik ûnder de Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch lange tiid belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, dy't mei artillerybesjittings oansjenlike skea yn 'e stêd oanrjochten. Yn 1996 fûn deunby by de stêd de Fleanramp fan Dubrovnik plak.

Lês fierder


besjen


Wike 22

 

Hea is in soarte fan feefoer dat bestiet út 'e drûge plantaardige begroeiïng fan greiden. It is foar it meastepart opmakke út gerzen, mar foarhinne sieten der ek in soad oare planten by yn, dy't yn 'e greide tusken it gers groeiden, lykas bûterblommen, reade surk, brânnettels en sels stikels. Tsjintwurdich is dat folle minder it gefal, mei't in protte boeren harren greidlân op 'e nij ynsiedde hawwe, mei as gefolch in monokultuer fan 'e gerssoarte finneraai. Der bestiet ek luzernehea, dat drûge luzerne is. Hea moat net betize wurde mei strie; dat bestiet net út gers, mar út 'e drûge stâlen fan nôt, en wurdt net yn it foarste plak as feefoer, mar as struisel brûkt. Yn 'e moderne feehâlderij is de funksje fan hea fierhinne oernommen troch kuil.

Lês fierder


besjen


Wike 23

 

It Belis fan Haarlim wie in belegering fan 'e Hollânske stêd Haarlim troch Spaanske troepen yn it ramt fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter bekend wurde soe ûnder de namme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. It belis begûn op 11 desimber 1572 en betearde yn in útputtingsslach, dy't net minder as sân moannen duorre. Nei't in besykjen ta ûntset troch de belegerders yn 'e Slach op de Haarlimmermar dwerseide waard, joegen de úthongere Haarlimmers har op 13 july 1573 einlings en te'n lêsten oer. Trochdat dêrnei tûzenen soldaten en boargers fermoarde waarden, jildt it Belis fan Haarlim as ien fan 'e meast beruchte foarfallen út 'e begjintiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, en teffens as ien fan 'e meast beslissende: neitiid joech gjin stêd him mear oer en fochten de opstannelingen troch oant de dea, om't se wisten hokker lot oft harren by oerjefte te wachtsjen stie.

Lês fierder


besjen


Wike 24

 

Georges Cuvier (Frânske útspr.: ['ʒɔʀʒə 'kyvje:], likernôch: "zjorzje kúvjee"; folút: Jean Léopold Nicolas Frédéric Cuvier; Montbéliard, 23 augustus 1769Parys, 13 maaie 1832) wie in Frânsk natoerûndersiker en biolooch, dy't him benammen talei op 'e stúdzjes fan 'e ornitology, de ichtyology en de bredere soölogy. Fanwegen syn baanbrekkend wurk op it mêd fan 'e ferliking fan libbene bisten mei fossilen stiet er ek wol bekend as de "Heit fan de Paleöntology". Fierders wreide er it taksonomyske systeem dat betocht wie troch Linnaeus út troch de klassen fierder yn te dielen yn legere taksons, lykas skiften, famyljes en skaaien. Hoewol't Cuvier him fûleindich tsjin 'e evolúsjeteory kearde, dêr't neffens him gjin bewiis foar bestie, wurdt er noch altyd beskôge as ien fan 'e wichtichste figueren út 'e skiednis fan 'e biology. Syn meast ferneamde publikaasje wie La Règne Animal ("It Bisteryk"), út 1817. Yn 1819 waard er fanwegen syn ferstjinsten yn 'e adelstân ferheft.

Lês fierder


besjen


Wike 25

 

De teapert (wittenskiplike namme: Crex crex, foarh. ek wol Crex pratensis) is in fûgel út it skift fan 'e kraaneftigen (Gruiformes), de famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae) en it skaai fan 'e teaperts (Crex), dy't yn Jeropa en Sintraal-Aazje briedt en yn East- en Súdlik Afrika oerwinteret. Eartiids kaam dit bist ek rûnom yn Fryslân en de rest fan Nederlân foar, mar troch de meganisaasje fan 'e lânbou is er omtrint de midden fan 'e tweintichste iuw yn Nederlân seldsum wurden, wylst er yn Fryslân suver hielendal weiwurden is. De Latynske namme crex is in onomatopee op basis fan it Grykske κρεξ, krex, dat ferwiist nei de kreakjende rop fan 'e teapert. Yn it Nederlânsk stiet de teapert bekend as de kwartelkoning, wat ta it misbegryp laat hat dat dizze fûgel besibbe wêze soe oan 'e kwartel (Coturnix coturnix). Dat is lykwols net sa, mei't de kwartel ta in totaal ferskillende famylje heart (ntl. de fazanteftigen, Phasianidae).

Lês fierder


besjen


Wike 26

 

Naomi van As (folút: Naomi Frances van As; De Haach, 26 july 1983) is in Nederlânsk earder hockeyspylster fan mingd Nederlânsk, Yndonezysk en Sineesk etnysk komôf, dy't trije kear meidie oan 'e Olympyske Simmerspullen en twa kear ta it Olympysk kampioensteam hearde. Yn totaal spile hja 229 ynterlânwedstriden foar it Nederlânske frouljushockeyteam, en makke hja dêrby 45 in doelpunten. Nei't Van As yn 2017 in ein makke oan har sportkarriêre, begûn se in nij wurkpaad as presintatrise op 'e Nederlânske tillefyzje. Se is ek bekend as de freondinne fan 'e Fryske hurdrider Sven Kramer.

Lês fierder


besjen


Wike 27

 

Edwert I (Ingelsk: Edward I; Paleis fan Westminster, 17 juny 1239 – Burgh by Sands, 7 july 1307) wie kening fan Ingelân fan 1272 oant 1307. Fanwegen syn lingte waard er wol Edwert Langskonk (Ingelsk: Edward Longshanks) neamd, en fanwegen syn ûnmeilydsume polityk oangeande Skotlân stied er bekend as de Skottehammer (Ingelsk: Hammer of the Scots; Latyn: Malleus Scotorum). Nei iere yntriizjes tsjin syn heit, kening Hindrik III, bleau er dyselde trou ûnder de opstân fan in grut part fan 'e Ingelske adel yn 'e Twadde Baronne-oarloch. Letter joech er him by de Njoggende Krústocht nei it Hillige Lân.

Nei't er syn heit opfolge wie, sette er útein mei in ekspansjonistysk belied foar de oare dielen fan 'e Britske Eilannen oer. Nei ferskate opstannen tsjin 'e Ingelske oerhearsking fan Wales ferovere Edwert dat gebiet yn 1282-1283 foargoed. Doe't yn 1290 de Skotske troan fakant rekke, seach er syn kâns skoan om ek dat lân by Ingelân te lûken. Mar nettsjinsteande syn snoade yntriizjes en syn ûnmeilydsum fanwegen kommen, krige er de Skotten der net ûnder. Fierders wie Edwert I de kening dy't yn 1290 de Joaden út Ingelân ferballe (in dwaan dat pas yn 1656 troch Oliver Cromwell weromdraaid waard). Nettsjinsteande it feit dat er yn hege mjitte bydroech ta de restauraasje fan 'e keninklik gesach, bettere wetjouwing en in sintralisearre bestjoer, liet Edwert Ingelân by syn dea efter yn in slepende oarloch mei de Skotten en mei in grut tal ekonomyske en politike problemen.

Lês fierder


besjen


Wike 28

 

Pretender is it achtste diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh (ôfbylde). De titel betsjut: "Pretendint". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Pretender ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2006, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Donato Giancola. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Pretender tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.

Lês fierder


besjen


Wike 29

 

Scottsdale (Pima: Vaṣai S-vaṣonĭ; Jaky: Eskatel) is in stêd (en gemeente) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Arizona. It is in foarstêd fan 'e steatshaadstêd Phoenix, en waard yn 1888 stifte yn it eastlike part fan Maricopa County. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Scottsdale doe in befolking fan goed 230.000 minsken. Dêrmei is it ien fan 'e gruttere plakken binnen de stêdekloft Phoenix, dy't in totale befolking fan 4,3 miljoen hat. Scottsdale is yn 'e Feriene Steaten de 86e stêd rekkene nei ynwennertal. It wurdt ek wol it 'Beverly Hills' fan Phoenix neamd (wêrmei't it him ta dy stêd ferhâlde soe sa't Beverly Hills him ta Los Angeles ferhâldt).

Scottsdale grinzget yn it westen oan Phoenix, Paradise Valley en ûnynkorporearre plattelân; yn it noardwesten oan Carefree; yn it noarden oan it Nasjonaal Wâld Tonto, yn it easten oan Fountain Hills, it Regionaal Park McDowell Mountain en mear ûnynkorporearre plattelân; yn it súdeasten oan it Salt River Yndianereservaat; en yn it suden oan Tempe. Scottsdale is in woltierige stêd mei in soad lúkse hotels, grutte huzen, en tal fan golfbanen, tennisbanen en parken. It klimaat nûget winterdeis út om bûtendoar te ferkearen, mar by 't simmer is it der gleonhjit en kin men midden op 'e dei better yn 'e hûs bliuwe. De stêd stiet bekend om ferskate grutte jierlikse eveneminten, te witten: it Scottsdale Arts Festival, de Scottsdale Arabian Horse Show en de Barrett-Jackson Auto Show.

Lês fierder


besjen


Wike 30

 

Dolly Buster, echte namme: Nora Baumberger, en berne as: Nora Dvořáková (Praach, 23 oktober 1969), is in Tsjechysk-Dútsk earder neakenmodel en pornografysk aktrise dy't karriêre makke hat yn 'e Dútske pornoyndustry. Sûnt 1996 is se aktyf as pornoprodusinte en -regisseur, en fierders as mainstream-aktrise, skriuwster fan detektiveromans en keunstskilderesse. Hja hat yn it ferline ek gebrûk makke fan 'e artystenammen Mandy Dvorjack, Mandy Rice en Kateřina Bochníčková. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m, mei kupmaat 38DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat.

Lês fierder


besjen


Wike 31

 

It Frysk Kampioenskip Fierljeppen (Nederlânsk en offisjeel: Fries Kampioenschap Fierljeppen) is in wedstryd fierljeppen om it kampioenskip fan Fryslân, dy't elts jier holden wurdt yn it Fryske doarp Winsum. De organisaasje is sûnt 1960 yn 'e hannen fan it Frysk Ljeppers Boun. It evenemint wurdt al sûnt jier en dei holden op 'e twadde sneon fan 'e moanne augustus. De winner fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen krijt sûnt 1963 de Sulveren Pols.

Lês fierder


besjen


Wike 32

 

De Aleoeten binne in lânseigen, nau oan 'e Eskimo's besibbe folk út 'e krite fan 'e Beringsee, yn Aazje en Noard-Amearika. Hja libje yn it súdwestlike part fan 'e Amerikaanske steat Alaska, op 'e nei harren ferneamde eilannegroep de Aleoeten en op it Alaska-skiereilân. Fierders libje se ek op 'e Kommandeurseilannen, yn it uterste easten fan Sibearje, dy't bestjoerlik ûnderdiel útmeitsje fan 'e Russyske Federaasje. Harren taal, it Aleoetysk, heart ta de Eskimo-Aleoetyske taalfamylje. Histoarysk hawwe de Aleoeten in sterke ynfloed fan 'e Russyske taal en kultuer ûndergien, en teffens hawwe se sterk te lijen hân fan sykten dy't troch de blanken nei harren wengebiet ta oerbrocht waarden. Hjoed oan 'e dei binne der sa'n 12.500 Aleoeten, wêrfan't de grutte mearderheid yn Alaska wennet.

Lês fierder


besjen


Wike 33

 

It Ingelsk (Ingelsk: English) is in Westgermaanske taal, dy't him ûntjoech yn it Midsiuwske Ingelân, mar tsjintwurdich ta in wrâldwide lingua franca wurden is. It Ingelsk ûntstie út 'e taal fan 'e Angelsaksen, in befolkingsgroep dy't oarspronklik fan 'e Noardseekust op it Jeropeeske fêstelân ôfkomstich wie. De Angelsaksyske taalgroep, dêr't it Ingelsk ta heart, is sadwaande it naust besibbe oan 'e Fryske talen, dy't noch altyd yn dat gebiet sprutsen wurde, mar de wurdskat fan it Ingelsk is sterk beynfloede troch it Aldnoarsk en troch Romaanske talen, yn 't bysûnder it Frânsk. It Ingelsk is no de of in offisjele taal yn 64 ûnôfhinklike lannen en 31 ôfhinklike territoaria, mar wurdt it measte sprutsen yn it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Súd-Afrika, Ierlân, Nij-Seelân en it Karibysk Gebiet. Mei sa'n 400 miljoen memmetaalsprekkers wie it yn 2006 de op twa nei grutste taal fan 'e wrâld (nei it Mandarynsk en it Spaansk).

Lês fierder


besjen


Wike 34

 

Gentile Bellini (útspr.: [ʤɛnˈti:ˌle bɛˈli:ˌni], likernôch: "dzjen-tii-lee bel-lii-ny"; Feneesje, ±1429 – dêre, 23 febrewaris 1507) wie in Fenesiaansk keunstskilder en tekener fan 'e Fenesiaanske Skoalle. Hy stamme út in foaroansteand Fenesiaansk laach fan keunstskilders, en waard, alteast yn 'e earste helte fan syn karriêre, heger oanslein as syn jongere broer Giovanni Bellini. Tsjintwurdich wurdt Giovanni lykwols rûnom beskôge as de bettere skilder. Fan 1474 ôf wie Gentile Bellini de offisjele portrettist fan 'e doge fan 'e Republyk Feneesje, mar de measten fan dy portretten binne letter by in brân ferlern gien. Bellini syn bekendste skilderij is syn portret fan 'e Osmaanske sultan Mehmed II, dat datearret út 1479.

Lês fierder


besjen


Wike 35

 

Súd-Dakota (Ingelsk: South Dakota; útspr.: [saṷθ də'koʊtə], likernôch "saus de-koo-te"), offisjeel de Steat Súd-Dakota (Ingelsk: State of South Dakota), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Dakota wurd byneamd de Coyote State (nei de prêrjewolf of koyote) of ek wol de Mount Rushmore State, nei it ferneamde monumint fan Mount Rushmore. De steat is ien fan 'e Dakota's en leit yn it noarden fan it lân. Súd-Dakota wurdt ta de gruttere regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Pierre, mar de grutste stêd is Sioux Falls. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 853.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 46e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Dakota mei krapoan 200.000 km² de 17e steat. Súd-Dakota stiet bekend om it Mount Rushmore-monumint, de Black Hills, de grutte Yndianereservaten en it histoaryske Bloedbad fan Wounded Knee.

Lês fierder


besjen


Wike 36

 

De Kanaryske dogge, ek wol bekend as de dogo Canario, de perro de presa Canario, de Kanaryske Molosser of de Kanaryske mastyf, is in grut hûneras dat ôfkomstich is fan 'e Kanaryske Eilannen en oarspronklik fokt waard om fee te beskermjen. It is in hûn fan it type Molosser, en wurdt klassifisearre as in hiem- en ferdigeningshûn. Op 'e Kanaryske Eilannen en mank fokkers fan it ras wurdt de namme faak ferkoarte ta presa Canario of koartwei presa. Kanaryske doggen wurdt gauris misbrûkt foar it hâlden fan hûnegefjochten. Dit hûneras kin gefaarlik wêze as eigners net witte hoe't se der mei omgean moatte. Dat hat yn it ferline ta ferskate deadlike oanfallen op minsken laat.

Lês fierder


besjen


Wike 37

 

Freark fan Hallum (wierskynlik berne as: Freark Doedes; kleasternamme: Fredericus; Hallum, ±1113 – dêre, 3 maart 1175) wie in Frysk roomsk pastoar, dy't yn syn berteplak Hallum yn 1163 it norbertynske Kleaster Mariëngaarde oprjochte. Ut 'e ferhalen dy't oer him oerlevere binne, komt er nei foarren as in from man, strang yn 'e lear, mar ek rjochtfeardich. Hy bestege in protte tiid en muoite oan it bestriden fan earmoede. Freark waard nei syn ferstjerren ta hillige ferklearre. Syn ferearing fynt plak op syn stjerdei: 3 maart.

Lês fierder


besjen


Wike 38

 

In baan is yn 'e astronomy en de natuerkunde de troch swiertekrêft krom makke beweging fan in objekt om in oar, grutter objekt hinne. Yn 'e regel giet it dêrby om in himellichem lykas in stjer dêr't planeten omhinne draaie, of in planeet dêr't moannen omhinne draaie. Men hat it dêrom yn dizze kontekst faak oer in 'baan om 'e sinne' of in 'baan om 'e Ierde'. Yn wittenskiplike fermiddens wurdt ynstee fan 'baan', dat sa'n soad oare betsjuttings hat, faak de sekuerdere Ingelske term orbit brûkt. Men sprekt fan in orbitale baan as it lytsere objekt teminsten ien folsleine omsirkeling fan it gruttere objekt foltôget. Is dat net it gefal, dan sprekt men fan in suborbitale baan. De tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de berekkening fan sokke banen, hjit de himelmeganika.

Lês fierder


besjen


Wike 39

 

W. Kamau Bell (folút: Walter Kamau Bell; Palo Alto (Kalifornje), 26 jannewaris 1973) is in Amerikaansk komyk en dokumintêremakker fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Bûten de Feriene Steaten is er benammen bekend wurden fan syn dokumintêresearje United Shades of America, wêryn't er yn eltse ôflevering op besite giet by in oare minderheid of befolkingsgroep yn syn heitelân. Dêrnjonken hat er ek wurke as presintator fan tillefyzje- en radioprogramma's en podcasts, en as produsint fan tillefyzjeprogramma's. Bell is blogger, essayist en de skriuwer fan in autobiografysk boek. As aktivist kantet er him o sa oan tsjin rasisme en alle oare foarmen fan diskriminaasje.

Lês fierder


besjen


Wike 40

 

Skanderbeg (Albaneesk: Skënderbeu of Skënderbej; wiere namme: Gjergj Kastrioti; helenisearre foarm: George Castriotis; noardeastlik Albaanje, 6 maaie 1405 – Lezhë, 17 jannewaris 1468) wie in Albaneesk ealman, ofsier en politikus, dy't yn syn jonkheid yn it leger en de amtnerij fan it Osmaanske Ryk tsjinne, mar yn 1443 lieding joech oan in opstân yn it hjoeddeiske Albaanje en Masedoanje tsjin datselde Osmaanske Ryk. Dêrby hied er earst de stipe fan 'e Republyk Feneesje en letter fan it Keninkryk Napels. Hy hold in fearnsiuw lang stân, oant syn dea yn 1468, mar neitiid waard de rebûlje de kop yn drukt troch de Osmanen.

Hjoed de dei wurdt Skanderbeg sjoen as in Albaneeske folksheld en syn opstân as in ier foarbyld fan Albaneesk nasjonalisme, mar eins gie it barren oan 'e hiele súdlike helte fan Albaanje foarby, wylst in grut diel fan 'e folgelingen fan Skanderbeg út etnyske Serven, Montenegrinen, Flachen en Griken bestie. Hoewol't it religieuze aspekt tsjintwurdich ôfswakke wurdt troch de (fierhinne islamityske) Albanezen, moat de opstân fan Skanderbeg dochs fral sjoen wurde yn it ramt fan kristlik ferset tsjin 'e útwreiding fan 'e islaam. Skanderbeg foarme lange tiid in obstakel foar in fierdere Osmaanske opmars yn Jeropa en joech dêrmei de kristlike steaten yn Itaalje en op 'e noardlike Balkan de tiid om har op 'e striid tsjin 'e Osmanen ta te rieden.

Lês fierder


besjen


Wike 41

 

De kapibara (wittenskiplike namme: Hydrochoerus hydrochaeris), ek wol de gewoane kapibara neamd om him te ûnderskieden fan syn behindiger famyljelid de lytse kapibara (Hydrochoerus isthmius), is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e kavia-eftigen (Caviidae) en it skaai fan 'e kapibara's (Hydrochoerus). Dit bist is it grutste kjifdier fan 'e wrâld (mei rûchwei de grutte fan in skiep), en komt rûnom foar yn grutte dielen fan Súd-Amearika. Kapibara's binne frij nau besibbe oan û.m. de hûskavia, en libje yn groepen fan soms wol hûndert eksimplaren deunby wetter, dêr't se har tige yn thúsfiele. De namme "kapibara" komt út 'e Yndiaanske Tûpy-taal, en is in ferbastering fan ka'apiûara, in yngewikkelde gearstalling fan kaá ("blêd"), píi ("smel"), ú ("ite") en ara (in grammatikaal suffiks), mei de letterlike betsjutting: "iter fan smelle blêden" (frij fertaald "gersiter").

Lês fierder


besjen


Wike 42

 

De Peloponnesos (Gryksk: Πελοπόννησος, Pelopónnēsos of Pelopónnīsos) is in grut skiereilân en in tradisjonele regio yn it suden fan Grikelân. Dit gebiet sit inkeld troch de smelle Lâningte fan Korinte, yn it noardeasten, fêst oan 'e rest fan it Grykske fêstelân, en wurdt dêr fierders fan skaat troch de Golf fan Korinte. Under de Osmaanske hearskippij stie it skiereilân fan 'e Midsiuwen ôf bekend as de Moreä (Gryksk: Μωρέας, Moréas), in namme dy't it yn it aldendeiske spraakgebrûk yn Grikelân noch altyd wjerklang hat (Nijgryksk: Μωριάς, Moriás). Yn 2011 hie de Peloponnesos in befolking fan 1,1 miljoen ynwenners. De de facto haadstêd en teffens de grutste stêd is Patras, oan 'e noardkust.

Lês fierder


besjen


Wike 43

 

Rinse Brink (folút: Rinse Jan Hendrik Brink; Hornhuizen, 15 augustus 1894Ljouwert, 22 augustus 1980) wie in Frysk keatser en predikant dy't yn 'e iere tweintichste iuw trije kear de PC wûn. Teffens ried er de Alvestêdetocht fan 1917. Brink wurdt no sjoen as ien fan 'e alderbêste keatsers út 'e skiednis, benammen wat it opslaan oangiet. Boppedat waard er by syn libben algemien as ien fan 'e sympatykste keatsers beskôge. Nei't er syn yn syn amt befêstige wie as dûmny, keatste er lykwols nea wer.

Lês fierder


besjen


Wike 44

 

Tess fan de D'Urbervilles (oarspronklike Ingelske titel: Tess of the d'Urbervilles) is in roman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928). It boek waard foar it earst útjûn yn 1891, mei as ûndertitel A Pure Woman Faithfully Presented. Tess fan de d'Urbervilles is in trageedzje, dy't alderearst yn in yngripend sinsurearre ferzje as fúljeton yn in krante ferskynde. Hoewol't it hjoed de dei beskôge wurdt as in wichtich ûnderdiel fan 'e Ingelsktalige literatuer, krige Tess of the d'Urbervilles by de publikaasje tige mingde resinsjes, fral ek om't it de besteande seksuële moraal yn it Fiktoriaanske Ingelân oanfocht. Yn 2010 waard it boek oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear.

Lês fierder


besjen


Wike 45

 

Vytautas Landsbergis (útspr.: ['vʲi:t̪ɐʊt̪ɐs̪ 'ɫɐ:n̪ʲezʲbʲɛrʲɡʲɪs̪], likernôch "vjiitautus lanjeezbjergjis"; Kaunas, 18 oktober 1932) is in Litousk konservatyf politikus, musikolooch, heechlearaar en publisist, dy't yn 1990 bekendheid krige as de lieder fan 'e Litouske ûnôfhinklikheidsbeweging Sąjūdis. Nei in heale iuw fan besetting troch de Sovjet-Uny wisten de Litouwers yn 1991 ûnder syn lieding op 'e nij baas yn eigen hûs te wurden. Dêrby wie Landsbergis twa jier lang feitliken presidint fan Litouwen, en letter ferfolle er de funksje fan parlemintsfoarsitter en waard er foar syn lân lid fan it Jeropeesk Parlemint.

Lês fierder


besjen


Wike 46

 

De Grutte of Sint-Bavotsjerke is in oan de hillige Bavo wijd tsjerkegebou oan de Grutte Merk fan de Noardhollânske stêd Haarlim. De Midsiuwske krústsjerke waard yn de perioade 1370 oant 1520 boud yn it âlde sintrum fan de stêd. It is in goatyske tsjerke, dy't in 78 meter hege let-goatyske houten fieringtoer op it snijpunt fan it middenskip en it dwersskip hat. Oarspronklik wie de Grutte of Sint-Bavotsjerke in sljochtwei roomske tsjerke, en pas yn 1559 waard it de katedraal fan it doe oprjochte bisdom Haarlim. Mei de Reformaasje waard de tsjerke geskikt makke foar de protestanske earetsjinst.

Lês fierder


besjen


Wike 47

 

Lukresia Borgia (Italjaansk: Lucrezia Borgia, útspr.: [lu'krɛʧa 'bɔrʤa ], likernôch: "lû-kret-tsja bor-dzja"; Subiaco, 18 april 1480 – Ferrara, 24 juny 1519) wie in Italjaansk ealfrouwe en de oerwûne dochter fan paus Aleksander VI. Hja wie ferneamd om har skientme, en waard neitiid berucht doe't Niccolò Machiavelli har yn syn boek De Foarst opfierde as foarbyld fan 'e 'fatale frou', dy't manlju yn 'e fâle lokke en út 'e ljochten holp. Yn wurklikheid waard Lukresia ta har eigen skea misbrûkt as pion yn 'e ûnmeilydsume polityk fan har heit en dy syn famylje. Hja waard trijeris úthylke, en krige mei har trêde man acht bern foar't hja yn 1519 yn it kreambêd ferstoar.

Lês fierder


besjen


Wike 48

 

De kilt (Ingelsk en Skotsk: kilt; Skotsk-Gaelysk: fèileadh) is in knibbellange rok dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Skotske dracht en teffens fan 'e dracht fan guon oare Keltyske gebieten. Dit stik klean wurdt ornaris makke fan in weve wollene stof yn in tartanpatroan. De kilt wurdt it meast troch manlju droegen, mar kin ek troch froulju droegen wurde, en is gaadlik foar sawol formele as ynformele gelegenheden. De moderne kilt komt fuort út tradisjonele sechstjinde-iuwske dracht fan manlju en jonges yn 'e Skotske Heechlannen, en is sûnt de njoggentjinde iuw ûnferbreklik ferbûn rekke mei de bredere kultuer fan hiel Skotlân.

Lês fierder


besjen


Wike 49

 

De oerfal op it Hûs fan Bewar yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert wie in bûtengewoan súksesfolle operaasje fan it Fryske ferset yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrby waarden op 8 desimber 1944, sûnder dat der in skot lost waard, 51 fersetslju befrijd út harren sellen yn 'e Ljouwerter Blokhúspoarte. Under harren wie plysjeman Jurjen Dreeuws, dy't in protte wist fan de Fryske ûndergrûnse, sadat de Dútsers it ferset in swiere slach tabringe kinnen hiene as se him oan 'e praat krije kinnen hiene. De lieding fan 'e oerfal wie yn 'e hannen fan Piet Oberman, de foaroanman fan 'e Knokploech (KP) yn Fryslân. It wie ien fan 'e spektakulêrste finzenisûntsnappings yn 'e skiednis en in hichtepunt út 'e Nederlânske besettingstiid. Yn 1962 waard dit barren ferfilme ûnder de titel De Overval.

Lês fierder


besjen


Wike 50

 

In Komeedzje Fol Fersinnen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Comedy of Errors, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is ien fan syn ierste en teffens kluchtichste stikken, dêr't in grut part fan 'e humor yn fersoarge wurdt troch slapstick en fersin fan identiteit. The Comedy of Errors fertelt it ferhaal fan twa pear ienaaiïge twillingen dy't koart nei har berte ûnbedoeld útinoar helle binne. As it iene pear tafalligerwize it wenplak fan it oare pear besiket en dêr yn kontakt komt mei famylje en goekunde fan dat oare pear, liedt dat ta in rige wylde fersinnen dy't útrinne op mear as ien ferkeard útdield wan bruien, in mei in skamper ôfrûne ferlieding, in foute arrestaasje en falske beskuldigings fan ûntrou, stellerij, sljochtsinnigens en demoanyske besettenens. Men is fan tinken dat de komeedzje skreaun wêze moat yn 'e perioade 1589-1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret fan 1956, en waard yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer, yn ien bân mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare.

Lês fierder


besjen


Wike 51

 

George Vancouver (King's Lynn (Ingelân), 22 juny 1757Petersham (Ingelân), 10 maaie 1798) wie in Britsk marine-ofsier en ûntdekkingsreizger fan Ingelsk komôf. Hy waard ferneamd troch de Vancouver-ekspedysje, in maritime ûntdekkingstocht dy't fan 1791 oant 1795 ûnder syn lieding plakfûn en wêrby't de kusten fan Alaska, Britsk-Kolumbia, Washington en Oregon oandien waarden. Vancouver ferkende ek de Hawaï-eilannen en de súdwestkust fan Austraalje. Yn Kanada waarden letter de stêd Vancouver en Vancouvereilân nei him ferneamd, en yn 'e Feriene Steaten de stêd Vancouver (Washington). Fierders drage ek twa bergen, in rivier en in mar syn namme.

Lês fierder


besjen


Wike 52

 

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium (Nederlânsk en offisjeel: Koninklijk Eise Eisinga Planetarium) is in planetarium yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat yn 'e achttjinde iuw yn syn wenhûs eigenhandich boud waard troch de wolkjimmer Eise Eisinga. It folsleine bouwurk (it hûs ynbegrepen) is no in museum mei de status fan ryksmonumint. It publyk kin him dêr fernuverje om 'e kunde fan Eisinga, dy't in autodidaktysk astronoom wie, mar fan berop eins gewoan wolkjimmer. It Eise Eisinga Planetarium is it âldste noch wurkjende planetarium fan 'e wrâld.

Lês fierder


besjen