Wikipedy:Parseberjocht 21 desimber 2008

Koart berjocht bewurkje seksje

Ynternet, 21 desimber 2008 — De Fryske Wikipedy, de Frysktalige ferzje fan de Ynternet-ensyklopedy Wikipedia, hat sûnt hjoed mear as 10.000 artikels. Side 10.000 wie de side oer de Schotanusatlas, de atlas fan de hiele provinsje Fryslân fan om 1700 hinne.

De Fryske ynternet-ensyklopedy is oanmakke op 2 septimber 2002. Hast twa jier letter, 6 juny 2004 waard de tûzenste side skreaun, Fryske flagge, en no wer fjouwer jier letter de tsientûzenste. As fergelyk, de Nederlânsktalige Wikipedia hat krekt wat mear as 500.000 artikels, de Ensyklopedy fan Fryslân hat sa'n 7.500 artikels, plus in tal eftergrûnteksten. Wikipedia yn it Ingelsk hat al mear as 2,6 miljoen artikels!

Dizze ynternet-ensyklopedy is in foarbyld fan in gearwurkingsprojekt: de ynhâld fan Wikipedia wurdt net skreaun troch betelle skriuwers, mar troch eltsenien dy't op it webstee komt. De ensyklopedy hat in wiid ferskaat fan artikels, fan skiednis en wittenskip oant skûtsjes en wetternammen. Om't eltsenien dy siden wizigje kin, waakse de measte stadichoan grutter, en wurde hja hieltiid oanpast oan nije ûntwikkelings.

De Fryske wikipedy is te lêzen op http://fy.wikipedia.org. De Hollânske wikipedy is te finen op http://nl.wikipedia.org, en sa binne der noch mear as 250 oare taalferzjes, dy't allegear op http://www.wikipedia.org te finen binne. Tegearre hawwe al dizze ferzjes mear as tsien miljoen artikels.

Mear ynformaasje bewurkje seksje

De mienskiplike ensykopedy Wikipedia is ien fan de projekten fan de Wikimedia Foundation, in stifting fêstige yn de Feriene Steaten. Njonken Wikipedia stelt de stifting ek middels beskikber foar in tal oare projekten, as de frije stúdzjebibleteek Wikiboeken, de frije nijsboarne Wikinijs, de frije boarnebibleteek Wikiboarne en it frije wurdboek Wikiwurdboek. Dêrnjonken foarmet Wikimedia Commons in eftergrûnkolleksje fan frijbeskikbere foto's en yllustraasjes.

Al dy projekten wurde mooglik makke troch frijwilligers, de meidoggers. Dit binne de minsken dy't de artikels skriuwe, foto's nimme en beskikber meitsje, de siden foarmjouwe en ek it ûnderhâld oan de wikipedy dogge. Eltsenien dy't in side oanpast is in meidogger, al wie it mar it ferbetterjen fan in tikflater. It oanmeitsjen fan in meidochnamme is fergees, en ek sûnder meidochnamme kin eltsenien dy't dat wol meidwaan oan it fergees beskikber meitsjen fan witten.

De ynformaasje fan projekten fan de Wikimedia Foundation is beskikber ûnder iepen lisinsjes, wat betsjut dat de ynhâld ferspraat wurde kin, mei allinnich de betingsten dy't der foar soargje dat dat ek by fierdere fersprieding sa bliuwt. De lisinsje dy't foar de measte projekten brûkt wurdt is de GFDL, mar in pear projekten brûke ek CC-BY-SA.

Om al dizze projekten fuortduorje te litten is Wikimedia Foundation ôfhinklik fan jeften. Op it stuit wurdt de lêzers frege om stipe, dy't brûkt wurde sil foar de projekten.

Yn it Nederlânsk bewurkje seksje