Wikipedy:Wat is in wiki

WikiWiki is in programmatapassing dêr't websiden mienskiplik mei bewurke wurde kinne, sûnder dat de ynhâld troch saakkundigen derfoar goedsein wurde moat. Dêrby is it programma sels mar simpel. Bygelyks, Wikipedia is in Wiki. It wurd wiki wiki komt út de taal dy't op Hawaii praat wurdt, en betsjut 'snel, fluch, beweechlik'.

In WikiWikiWeb, tsjintwurdich faak koartwei wiki neamd, is in groep fan mei-inoar keppele hypertekstdokuminten, makke troch in brûkersmienskip mei help fan it simpele, snelle Wikiwiki-ark. Eltse lêzer kin de ynhâld bewurkje. Jo kinne bygelyks dízze side bewurkje: klik mar op boarne bewurkje boppenoan de side!

It orizjinele WikiwikiWeb waard untwikle troch Ward Cunningham, dy't it konsept betocht hat, en it ek de namme Wiki jûn hat. Hy wie ek de earste dy't in WikiWiki-tapassing oan in server keppele, (sjoch Ward's Wiki, hjir&under).

In Wiki is eins itselde as in WikiWikiWeb. Yn prinsipe tsjinnet in Wiki foar alles wat de brûkers wolle dat it foar tsjinnet. De foarm is botte geskikt foar gearwurking mei oaren, yn ús gefal mei elkenien dy't bydraacht oan dizze ensyklopedy. It idee is dat elkenien syn witten mei elkenien diele kin. Wolle jo dat net, dan is de Wikipedia faaks net it plak foar jo. Fine jo dat in aardich idee, dan kinne jo gerêst ek wat bydrage.

Sjoch ek Meiwurkje oan de Fryske Wikipedia, Werom soe ik meidwaan? en Wat is Wikipedia?.

Wolle jo it graach ris besykje, wolle jo earst mear witte oer hoe't it giet? Lês dan bygelyks earst Ienfâldich begjinne, In nije side meitsje en FAQ.


Wikimienskippen op it web

bewurkje seksje

Wiki-eftige systemen

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje