It Wilamowytsersk (Wymysöryś) is in taal dy't heart ta de Súdwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei ûnder mear it Dútsk, it Lúksemboarchsk en it Pennsylvaansk (de taal fan 'e Amish) makket it diel út fan 'e Heechdútske taalgroep.

Wilamowytsersk
algemien
oare namme(n) Wilamowytsysk
eigen namme Wymysöryś
lânseigen yn Poalen
tal sprekkers 100
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
dialekten gjin
taalstatus
offisjele status it Wilamowytsersk genietet yn Poalen gjin erkenning as minderheidstaal
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 wym

It Wilamowytsersk wurdt sprutsen yn it stedsje Wilamowice (Wilamowytsersk: Wymysau), dat yn it middensuden fan Poalen leit, op 'e grins fan 'e provinsjes Heech-Sileezje (Poalsk: Górny Śląsk) en Lyts-Poalen (Poalsk: Małopolska).

Der binne hjoed de dei, neffens in telling út 2003, noch likernôch 100 sprekkers fan it Wilamowytsersk oer (yn in stedsje mei 2.000 ynwenners). De measten hearre ta de âlderein en sadwaande nimt it sprekkerstal stadichoan ôf. It Wilamowytsersk is dêrmei ien fan 'e slimst bedrige talen fan Jeropa.

De Wilamowytsers binne de neikommelingen fan Dútske, Nederlânske en Skotske kolonisten, wierskynlik religieuze flechtlingen, dy't har yn 'e trettjinde iuw yn Poalen nei wenjen setten. Se hawwe bannen mei Dútslân altyd ûntkend en lieten har ynstee foarstean op har Nederlânske komôf.

Tusken 1795 en 1919 hearde Wilamowice ta it Eastenryksk-Hongaarske ryk. De Eastenrikers hienen net in soad op mei de Wilamowytsers en yn dy tiid hienen sawol de minsken as harren taal slim te lijen fan 'e ûnderdrukking.

It Wilamowytsersk is oerlevere fan 'e njoggentjinde iuw ôf, doe't de dichter Florian Biesik it as skriuwtaal brûkte.

 
De lokaasje fan it Wilamowytserske taalgebiet yn Poalen.

Oant 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie it Wilamowytsersk yn Wilamowice de gewoane sprektaal. Nei de oarloch waarden frijwol alle Dútsers ferdreaun út Poalen en de gebieten dy't Dútslân doe oan Poalen ôfstean moast (Sileezje, Poasen, Pommeren en West- en East-Prusen). De Wilamowytsers mochten bliuwe, mar de pleatslike kommunistyske autoriteiten ferbeaen al daliks yn 1945 it gebrûk fan 'e Wilamowytserske taal. Hoewol't dat ferbod yn 1956 opheft waard, hat it Wilamowytsersk nea wer de posysje weromkrigen dy't it foartiid ynnaam. Sûnt 'e fyftiger jierren is it allinne noch mar fierder yn it neigean rekke en de jongere generaasjes binne tsjintwurdich frijwol folslein Poalsktalich.

Oan 'e ein fan 'e tachtiger jierren waard it Wilamowytsersk ûntdutsen troch de jonge Poalske taalkundige Tomasz Wicherkiewicz, dy't der syn proefskrift oer skreau. Dêrtroch hat it Wilamowytsersk, dat no wierskynlik foar de dea opskreaun is, in beskate bekendheid krigen yn taalkundige fermiddens en is it teminsten rêden fan 'e ferjitnis.

Oarsprong en Ynfloeden

bewurkje seksje

It Wilamowytsersk giet nei alle gedachten werom op it tolfde-iuwske Middeldútsk, mei ynfloeden fan it Nederdútsk, it Nederlânsk, it Frysk en it Skotsk, dy't noch dúdlik werom te finen binne. Fieders hat it Wilamowytsersk troch de iuwen hinne fansels ek in sterke ynfloed fan it Poalsk ûndergien.

Wat de stavering oanbelanget, hat it Wilamowytsersk sawol dingen út it Dútsk as út it Poalsk oernommen. Ut it Dútsk komme bygelyks de letters "v" (útsprutsen as yn "even"), dy't yn it Poalsk allinne yn lienwurden foarkomt en "ö" ("eu"). Ut it Poalsk komme bygelyks de letters "ł" (útsprutsen as de "w" yn "skowe"), "c" ("ts"), "ć" ("tsj"), "ś" ("sj") en it aksint op 'e lûden ("é", "í", "ó"), dat in lang lûd oanjout.

Foarbyld 1: In Lytse Wurdlist

bewurkje seksje

Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de Wilamowytserske wurden mei harren oersettings yn it Dútsk, it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk.

Wilamowytsersk Dútsk Nederlânsk Frysk Ingelsk
ałan allein alleen allinne alone
ana
an
und en en and
bryk Brücke brug brêge bridge
duł dumm dom dom dull
fuylgia hören [folgen] horen [volgen] heare [folgje] to hear [to follow]
ganc ganz gans gâns entirely
gyrycht Gericht gerecht gerjocht court
dyr hymół Himmel hemel himel heaven
muter Mutter moeder mem mother
myttółt Mittel middel middel middle
nimanda niemand niemand nimmen no-one
ny nein nee nee no
ödum Atem adem azem breath (mar Aldingelsk: ǽðm)
öwyt Abend avond jûn evening
śraeiwa schreiben schrijven skriuwe to write
syster Schwester zuster suster sister
śtaen Stein steen stien stone
trynkia trinken drinken drinke to drink
wełt Welt wereld wrâld world
wynter Winter winter winter winter
zyłwer Silber zilver sulver silver
zyjwa sieben zeven sân seven

Foarbyld 2: In Widzesankje

bewurkje seksje

In widzesankje yn it Wilamowytsersk (mei derûnder in Fryske oersetting):

Śłöf, duy buwła, fest!
Skumma frmdy gest,
Skumma muma ana fettyn,
Z' brennia nysła ana epułn,
Śtöf, duy Jasiu, fest!
Sliep, my jonkje, fêst!
Der komme frjemde gasten,
Der komme muoikes en omkes,
Dy't bringe nuten en apels,
Sliep, myn Jantsje, fêst!
  • Ludwik Młynek, "Narzecze wilamowickie", Tarnów, 1907: J.Pisz.
  • Józef Latosiński, "Monografia miasteczka Wilamowic", Kraków, 1909.
  • Hermann Mojmir, "Wörterbuch der deutschen Mundart von Wilamowice" (Słownik niemieckiej gwary Wilamowic), Kraków, 1930-1936: Polska Akademia Umiejętności.
  • Adam Kleczkowski, "Dialekt Wilamowic w zachodniej Galicji. Fonetyka i fleksja". Kraków, 1920: Polska Akademia Umiejętności.
  • Adam Kleczkowski, "Dialekt Wilamowic w zachodniej Galicji. Składnia", Poznań, 1921: Uniwersytet Poznański.
  • Maria Katarzyna Lasatowicz, "Die deutsche Mundart von Wilamowice zwischen 1920 und 1987". Opole, 1992: Wyższa Szkoła Pedagogiczna.
  • Tomasz Wicherkiewicz, The Making of a Language: The Case of the Idiom of Wilamowice, Mouton de Gruyter, 2003, ISBN 3-11-017099-X