Friedrich Wilhelm Reinhold Pieck (Guben, 3 jannewaris 1876Berlyn, 7 septimber 1960) wie in East-Dýtsk politikus.

Wilhelm Pieck
Gedenkstätte der Sozialisten

Yn 1895 waard hy lid fan de Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD). Dêrnei wie er arbeider yn Bremen dêr't er 1899 distriktsfoarsitter fan de SPD waard en 1906 sekretaris fan de SPD. Yn de Earste Wrâldkriich behoarde er by de (minderheids)groep yn de SPD dy't him tsjin de oarloch kearde. yn 1918 gie er yn ballingsskip yn Amsterdam.

Novimber 1918, by de delfal fan it keizerryk fan Wilhelm II, waard Pieck lid fan de loftsradikale Spartakusbund. Yn 1919 waard de Spartakusbund de Kommunistische Partei Deutschlands (KPD). Yn 1921 waard Pieck lid fan it Utfierend Komitee (EKKI) fan de Kommunistyske Ynternasjonale (Comintern). Fan 1921 oant 1928 wie hy lid fan de Pruisyske Lândei en fan 1925 ôf wie hy foarsitter fan de Dútske Reade Help (i kommunistyske helporganisaasje). Ek sûnt 1925 wie Pieck lid fan it Sintraal Komitee fan de KPD. Fan 1937 oant 1945 siet er yn ballingskip yn Frankryk, België en yn de Sovjet-Uny.

Nei de Dútske kapitulaasje (1945) festige er him yn de Sovjet-besettingssône yn Dútslân en wie dêrnei foarsitter fan it Sintraal Komitee fan de KPD. Yn 1946 twong de KPD de East-Dútske SPD om byelkoar te gean (Sozialistische Einheitspartei Deutschlands - SED). Fan de nije SED wie Pieck tegearre mei Otto Grotewohl foarsitter. Op 11 oktober 1949 waard Pieck steatspresidint fan de DDR (Dútske Demokratyske Republyk). 1953 waard hy fannijs 'keazen'.

Nei syn ferstjerren yn 1960 waard Pieck bedobbe yn it monumint Gedenkstätte der Sozialisten. Njonken Pieck is dat ek it lêste rêstplak fan Karl Liebknecht, Rosa Luxemburg, Ernst Thälmann, Rudolf Breitscheid (1874-1944), Franz Mehring, John Schehr (1896-1934), Franz Künstler (1888-1942), Walter Ulbricht en Otto Grotewohl.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: