Willem II fan Hollân

Willem II fan Hollân
Willem II fan Hollân
Roomske Kening
libben
bernefebrewaris 1227 - Heechwâld
ferstoarn28 jannewaris - 1256)
heitFloaris IV fan Hollân
memAleid fan Gelre
houlik
datum?
partnerElisabet fan Brunswyk
bern1 - Floaris V
Greve fan Hollân en Seelân
perioade1234 - 1256
foargongerFloaris IV
opfolgerFloaris V
Kening fan it Hillige Roomske Ryk
perioade1254 - 1256
foargongerKoenraad IV fan it Hillige Roomske Ryk
opfolgerRichard fan Cornwall
Hûs Hollân

Willem II (febrewaris 1227 - Heechwâld, 28 jannewaris 1256) wie greve fan Hollân en Seelân (1234-1256) en kening fan it Hillige Roomske Ryk (1248-1256). As greve fan Hollân hie er in sterk bûnsgenoatskip mei it Hartochdom Brabân tsjin Flaanderen.

Willem II waard berne as soan fan Floaris IV en Aleid fan Gelre. Op sânjierrige leeftyd folge er syn heit op. Syn heit kaam yn 1234 om by in toernoai. In broer fan syn heit dy’t ek fan Willem hjitte en letter Otto, de biskop fan Utert (ek in broer) waarden regint.

Hy joech de stêden Delft (1246), Haarlim (1245), 's-Gravenzande (1246) en Alkmar (1254) stedsrjochten. Allinnich 's-Gravenzande is letter net útgroeid ta in grutte stêd. Yn 1274 ferpâne er Nimwegen oan de greve fan Gelre. Dit is in Gelderske stêd bleaun omdat it pân nea ynlost is.

Hy naam it beslút om syn boerepleats yn Haga om te bouwen ta in kastiel dêr’t er effisjint syn gebieten út wei bestjoere koe. Dêrmei begûn de funksje fan Den Haach as bestjoerssintrum.

Omdat er de paus yn syn konflikt mei Freark II militêr stipe, kroande de aartsbiskop fan Keulen him as tank yn 1248 te Aken ta Roomske kening, wêrmei’t er kandidaat waard foar keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Pas yn 1252 is er foaral tanksij syn houlik mei de Welfyske Elisabet fan Brunswyk, dochter fan hartoch Otto I fan Brunswyk, troch de foarsten fan syn ryk as hearsker akseptearre.

De siktaris en kapelaan fan Willem I mei de namme Willem fan Ryckel († 1272), begeunstiger fan de Mariatsjerke yn Aken en Abt fan de St-Trudoabdij yn Sint-Truiden, stifte it beginehôf St-Agnes. Yn 1986 waard op de pastorijsouder fan de dekens ferskate reliken fan de 11000 hillige fammen werom fûn, wuolle yn midsiuwske stoffen. Hy wie famylje fan de hillige Elisabet fan Spalbeek dy’t de stigmata droech.

Willem II hat ferskate oarloggen fierd tsjin de Westfriezen. By ien fan de tochten tsjin de Westfriezen sakke er by Heechwald troch it iis fan de Berkmar. De West-Friezen fûnen him yn in machteleaze posysje en makken him dea. Willem waard begroeven ûnder in hurdplaat fan in pleats yn Heechwâld. Pas yn 1282 slagge it syn soan Floaris V it stoflik omskot werom te finen. Dat gie net sûnder slach of stjit. Heechwâld is plondere en hast alle minsken dy’t der wennen binne fermoarde.

Willem II is te hôf brocht yn de abdij fan Middelburch.