Willem Sjoerds Janzen

Frysk oersetter

Willem Sjoerds Janzen (Ljouwert, 7 novimber 1974) is in Frysk oersetter.

Willem Sjoerds Janzen
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 7 novimber 1974
berteplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
Frânsk
wurkpaad
aktyf as oersetter
jierren aktyf 2012 – no
reden
  bekendheid
sette fantasyroman fan
   Lois M. Bujold yn it Frysk oer
bekendste
  wurk(en)
Yn it Skaad fan de Wolf

Biografy bewurkje seksje

Jazen waard yn 1974 berne yn it Diakonessehûs yn Ljouwert. Hy groeide op as boeresoan yn in frysksinnich fermidden yn it Greidhoekster doarp Baaium, yn 'e gemeente Littenseradiel (earder Hinnaarderadiel). Janzen die op 'e middelbere skoalle eksamen yn it Frysk, en studearre it letter ek koarte tiid oan 'e Ryksuniversiteit fan Grins, it earste jier Sweedske taal- en letterkunde en it twadde jier Frysk.[1] In stik as wat jierren lyn waard by him in lichte foarm fan it syndroom fan Asperger fêststeld, wat in foarm fan autisme is.[2]

Hy is sljocht nei Ingelsktalige fantasy- en science fiction-literatuer, en kombinearre dy leafhawwerij yn 2012 mei syn ynteresse yn 'e Fryske taal troch de fantasyroman The Hallowed Hunt, fan 'e mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, oer te setten yn syn memmetaal.[3] De fertaling kaam yn 2014 by Utjouwerij Elikser út ûnder de titel Yn it Skaad fan de Wolf.[4] Dêrfoar hie Janzen de help fan û.m. dû. Liuwe H. Westra, de oersetter fan Tolkien syn Lord of the Rings yn it Frysk, dy't him ta korrektor tsjinne.[5] Letter wurke Janzen yn dyseldichste funksje mei oan Westra syn fertaling De Twa Tuorren, it twadde diel fan The Lord of the Rings, dat yn 2016 útkaam.[6]

 
De Fryske oersetting fan The Hallowed Hunt.

Oersetting bewurkje seksje

Neffens in yn it Ingelsk steld brief fan Janzen oan 'e skriuwster, dat op 18 juny 2014 mei syn goedfinen publisearre waard op Bujold har blôch[7], kaam er foar it earst mei har wurk yn 'e kunde doe't er yn 2004 yn "in ûnderwilens opdoekte boekhannel" yn Ljouwert sûnder euvelmoed de roman The Curse of Chalion út 'e kast helle en iepensloech. Dat boek spriek him tige oan, dat hy bestelde al rillegau it ferfolch Paladin of Souls. Mar it wie it trêde boek út 'e rige, The Hallowed Hunt, dat er "it bêste boek dat ik ea lêzen haw" fûn. Yn it brief jout er oan dat er it boek troch de jierren hinne grif in stik as fiif kearen werlêzen hawwe moat.

Janzen hie al fan jongs ôf oan in fassinaasje foar taal yn it algemien en foar it Frysk yn it bysûnder hân. Hy fertelt dat er altiten al oanstriid hie om ferhalen dy't er moai fûn, yn syn memmetaal oer te setten. Sa wied er doe't er noch op 'e middelbere skoalle siet, ris úteinset mei it fertalen fan 'e klassike westernroman Desert Gold, fan 'e skriuwer Zane Grey, al brûkte er dêrby net de Ingelske orizjineel as grûntekst, mar in Nederlânske oersetting. Dat wurk makke er lykwols nea ôf. Mar doe't er sa yn 'e besnijing rekke wie fan The Hallowed Hunt, begûn er meitiid mei it idee te boartsjen om dat boek yn it Frysk oer te setten.

Doe't er op 't langelêst ek wier-wier mei dat wurk úteinsette, krige er help fan dû. Liuwe H. Westra, de oersetter yn it Frysk fan Tolkien syn The Lord of the Rings, dy't as testlêzer fungearre. Neffens Janzen syn eigen sizzen hat er by it oersetten gebrûk makke fan in grutte wurdskat, krekt sa't Bujold dat ek dien hie by it Ingelsktalige orizjineel, al soarge er der wol foar dat er "wierlik argayske wurden" inkeld op plakken brûkte dêr't de betsjutting út 'e kontekst opmakke wurde koe.

Oangeande de titel fertelt Janzen yn it brief fierders noch dat er earst fan doel wie en neam de oersetting De Hjeljacht, in troch himsels betocht neologisme dat in letterlike fertaling fan 'e Ingelske titel The Hallowed Hunt wêze soe. Healwei it oersetten begûn it him lykwols te daagjen dat it miskien net dochs sa handich is om in boek in titel te jaan dêr't sels yn 'e wol ferve Fryske lêzers hollebrekken oer hawwe. "De Hillige Jacht" stie him lykwols as titel net oan. Nei wat gestin en omsneupen op it ynternet ûntdiek er dat de Dútske oersetting Im Schatten des Wolfes hiet, wat er wol moai klinken fûn. Syn útjouster Jitske Kingma wie dat mei him iens, sadat se datoangeande fluch út 'e rie wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasje oer de Fryske oersetting en de oersetter op 'e webside fan Utjouwerij Elikser.
  2. Vries, Sietse de, Eefkes de werklikheid ûntflechtsje, yn: de Ljouwerter Krante, 14 novimber 2014.
  3. Ynformaasje oer de Fryske oersetting en de oersetter op 'e webside fan Utjouwerij Elikser.
  4. Yn it Skaad fan de Wolf op 'e webside fan Utjouwerij Elikser.
  5. Janzen, Willem Sjoerds, Neiwurd fan 'e Oersetter, yn: Lois McMaster Bujold, Yn it Skaad fan de Wolf, Ljouwert, 2014 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 46 289, s. 487.
  6. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.
  7. Blôch fan Lois McMaster Bujold, mei it brief fan Willem Sjoerds Janzen (stik fan 18 juny 2014).

  • Boer, Janneke de, ‘It boek wurdt dochs in bytsje jins berntsje’, yn: Op 'e Skille, 23 oktober 2014.
  • Vries, Sietse de, Eefkes de werklikheid ûntflechtsje, yn: de Ljouwerter Krante, 14 novimber 2014.