Wilwolt fan Schaumberch

Wilwolt fan Schaumberch (* 1446 - † 20 april 1510) wie in Dútsk legeroerste. Hy hat û.o. wurke yn opdracht fan Albrecht fan Saksen en foar him ferskate militêre operaasjes dien yn Fryslân en Grinslân. De súksessen dy't hy oer de Friezen behelle yn de maaitiid en hjerst fan 1498 hawwe it fûnemint lein foar it bewâld fan de hartoch fan Saksen en late de ein fan de Fryske frijheid yn.

Skiednis bewurkje seksje

 
Wapen fan it laach Schaumberch

Wiltwolt kaam út in leech-aadlik laach, de Schaumberchs, dy't fan Tueringen kamen en dat wiidfersprakele wie. Om troch de tiid te kommen waard hy beropsmilitêr.

Yn 1475 wurde troch Wiltwolt militêre kampanjes útfierd yn tsjinst fan Karel de Stoute. Dat jier stjert ek syn heit. Fan 1480 ôf tsjinne hy yn Brandenboarch en beselskippe de greve fan Henneberch op syn reis nei Rome. De greven fan Henneberch belienden Wiltwolt mei de stêd Ilmenau (tusken 1476-1498).

Yn 1484 hat er meidien oan it Fjouwerlannen toernoai fan Stuttgart en yn 1487 wurdt er kommandant by Albrecht fan Saksen. De hartoch wurdt troch de Dútske keizer hierd om de Hongaarske kening Matthias Corvinus te bestriden, dy't grutte parten fan Eastenryk beset hâlde. Wilwolt fiert de troepen fan Albrecht oan.

At Albrecht Fryslân ûnderhearrich meitsje wol stjoert er Wilwolt dêrhinne. Yn trije gefjochten wurde de Friezen troch him ferslein, yn april 1498 op wei nei Grins, op 10 juny yn de slach by Laaksum en yn de moannen septimber en oktober by it belis fan Ljouwert.

Schaumberch liet yn en bûten Fryslân blokhuzen bouwe. Yn 1500 holp er om Hindrik fan Saksen te befrijen út Frjentsjer. Ien fan syn oanfierders wie Nittert Foks, ek wol: Nittert Fuchs.

Nei in libbenlang soldaat west te hawwen hâldt Wilwolt dêr yn 1500 mei op en festiget him op syn famyljeslot dêr't er syn lêste jierren trochbringt.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. - Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958) : Schaumburg, Willebrord von.