Winter fan 1978-1979

De winter fan 1978 op 1979 wie yn Nederlân opmerklike strang. Der wiene ferskate kâlde riten, wêrûnder ien mei tige strange froast, dy't duorre fan 31 desimber 1978 oant en mei 6 jannewaris 1979. De earste kjeldrite foel al yn ein novimber, begjin desimber, wylst de lêste plakfûn yn maart. Dêropta waard it ferkear ferskate kearen ûnfeilich makke troch izel. Tige ûngewoan wiene neffens Nederlânske mjitstêven fierders inkele tige spektakulêre sniestoarmen. As gehiel hie de winter yn Nederlân in trochsneed temperatuer fan –0,8 °C, wêrmei't it de op fiif nei kâldste winter fan 'e tweintichste iuw wie (nei dy fan 1963, 1947, 1942, 1940 en 1929).

In bioskoopsjoernaal út 1979 oer de strange winter fan dat jier.

Sniestoarmen bewurkje seksje

De earste sniestoarm fan 'e winter hold tusken 26 desimber en 1 jannewaris benammen hûs it westen fan it Eastseegebiet, dêr't Sleeswyk-Holstein, yn it noarden fan West-Dútslân, en ek súdlik Denemark slim troffen waarden. Op sneon 30 desimber krige lykwols ek Nederlân der in sturtsje fan mei. Wylst it foar de stoarm út noch rom boppe it friespunt wie nei in protte rein yn 'e foargeande nacht, keldere de temperatuer yn 'e stoarm hommels nei –10 °C. Fan gefolgen waard it op 'e wegen sjippeglêd en moast Skiphol ferskate dagen ticht wylst de fleantugen dêrhinne útwieken nei û.o. Düsseldorf.

De twadde sniestoarm dy't Nederlân dy winters trof, wie eins deselde as de earste. Nei't it op moandei 1 jannewaris 1979 kalm waar west hie, waard it op tiisdei 2 jannewaris wer tige ûnlijich. Yn frijwol it hiele lân stiek dy deis in sniestoarm op dy't it ferkear lamlei, en op 'e measte plakken ek it iepenbiere libben. Troch de laach snie dy't dêrby foel, hearsken der yn 'e folgjende nachten tige lege temperatueren.

It is lykwols de trêde sniestoarm dy't de ynwenners fan Fryslân en de rest fan Noard-Nederlân bybleaun is en dêr't nei ferwiisd wurdt as men it oer de "sniewinter fan 1979" hat. Yn 'e nacht fan tiisdei 13 op woansdei 14 febrewaris stiek yn it noarden fan Nederlân nammentlik in sniestoarm op dy't de swierste fan 'e tweintichste iuw wurde soe. Dat wie troch de meteorologen net foarsein, en doe't op 'e moarn fan 14 febrewaris yn hiel Noard-Nederlân de wegen folslein ûntagonklik blieken te wêzen, duorre it in skoft foar't it besef dêrfan yn 'e rest fan it lân trochkrong. Hiele doarpen wiene totaal fan 'e bûtenwrâld ôfsletten en sels de Keninklike Lânmacht moast swier materieel ynsette om plakken en pleatsen op it plattelân fan Fryslân en Grinslân te ûntsetten.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties, op dizze side.