It Wite-Seekanaal (eins it Wite-See-Eastseekanaal; Russysk: Беломо́рско-Балти́йский кана́л (ББк), Belomorsko-Baltijski kanal (BBK)), dat op 2 augustus 1933 iepene waard, is in 227 kilometer lang skipfeartkanaal dat de Wite See ferbynt mei de Eastsee, by Sint-Petersburch. Offisjeel hjitte it: Belomorsko-Baltijski kanal imeni Stalina dat betsjut 'Wite-See-Eastseekanaal ferneamd nei Stalin', mar bekend ûnder de ôfkoarting Belomorkanal ('Wite-Seekanaal).

Kaart fan de krite mei it kanaal
Kaart fan de krite mei it kanaal
It Wite-See-Eastseekanaal yn Belomorsk, Karelië

It kanaal bestiet foar in grut part út al besteande wetterwegen; rivieren en trije marren: de Ladogamar, de Onegamar en de Vygozeromar.

It oare part fan 48 km waard hielendal mei de hân oanlein yn 20 moannen sa't Stalin hjitten hie. Teminsten 12.000 twangarbeiders út de Goelag ferlearen it libben by de oanlis, neffens offisjele rapporten. It krekte tal deaden is net bekend. Guonts rûze it deadetal op 25.000[1] - 100.000[2]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Anne Applebaum, GOELAG een geschiedenis, Haadstik 'Het Witte-Zeekanaal', s. 80, Utj. Ambo Amsterdam (2003), ISBN 90-263-1814-6
  2. Aleksandr Solzjenitsyn, Goelag Archipel 1918-1956 (Архипелаг ГУЛАГ, 1973-1975), Uitg. De Boekerij, Baarn (1974), paperback ISBN 90-225-0407-7, bûn ISBN 90-225-0423-9