Woltsjerken

Holy Trinity Church (Hillige Trije-ienheidstsjerke)
yn Long Melford
St. Peter en St. Paul, Lavenham, Suffolk

Woltsjerken (Wool Churches), is de oantsjutting foar in rige grutte parochytsjerken yn doarpen en stedsjes yn Ingelân, boud yn de 15e oant iere 16e iuw, yn de Tudorstyl. Sy komme in protte foar yn de Cotswolds en yn East Anglia.
De letgoatyske tsjerken hjitte sa omdat sy set binne fan de fertsjinsten út de wolhannel, dy’t yn dy tiid yn parten fan it lân grutte wolfeart brocht.

De bou fan woltsjerken einige mei de Ingelske Reformaasje anneks de delgong fan de wolhanneel tusken 1525 en 1600.

Woltsjerken yn IngelânBewurkje

Keppelings om utensBewurkje