ASV Wolwêze

(Trochferwiisd fan Wolwêze)

ASV Wolwêze is in algemiene studinteferiening yn Ljouwert. De feriening is yn 1978 oprjochte as feriening foar studinten fan sosjale stúdzjes. It foarheaksel algemiene hâldt yn dat alle studinten oan it HBU en it WU lid wurde kinne. It sosjale en it algemiene aspekt hawwe Wolwêze yn Ljouwert in alternatyf imago besoarge. It feit dat de fereniging wêrs is fan protokollen, offisjele klaaiinge en ûntgrieningen hat hjiroan grif bydroegen.

Wolwêze hat alle jierren sa om-ende-by 300 leden en hat har ûnderkommen yn in grut pân oan it Noardflyt. Hjiryn sitte in kroech, in diskoteek, in biljertseal mei ynternetkafee en ferskate kantoar en gearkomstromten yn. It hjoeddeiske gebou wurdt brûkt sûnt 1991, neidat de feriening in skoftlang yn in gebou oan de Beginestrjitte sitten hat.

De feriening organisearret geregledwei diskojûnen en grutte feesten, teaterjûnen, poolkompetysjes en jierliks in liftwedstryd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: