Wumkes.nl is de namme fan de Digitale Histoaryske Bibleteek Fryslân, in digitale bibleteek mei in kolleksje oer Fryske taal, kultuer en skiednis. De webstee hat as doel safolle mooglik boarnen op dit mêd te ûntsluten, foar witenskippers mar ek foar ynteressearre publyk.

Beskriuwing bewurkje seksje

Wumkes.nl ûntstie yn 2003 as in projekt fan Wybo Palstra, in frijwilliger dy't in grut tal histoaryske standert- en neislachwurken ynskend hie, en de Fryske Akademy yn Ljouwert. Yn 2004 foege it Histoarysk Sintrum Ljouwert him ek by dat inisjatyf. Sûn 2006 wurdt ek gearwurke mei Tresoar. De webstee Wumkes.nl, dy't yn maart fan dat jier lansearre waard, is neamd nei Geert Aeilco Wumkes (1869-1954). Dizze fryske dûmny en historikus spile in grutte rol by de ûntsluting fan de koleksje fan de Provinsjale Bibleteek fan Fryslân, wêr't hy fan 1924 oant 1940 as bibletekaris wurke..

Keppeling om utens bewurkje seksje