Wynmotor De Broek

(Trochferwiisd fan Wynmotor Broek)

De Wynmotor De Broek is in poldermole by it doarp De Broek yn de gemeente Skarsterlân.

Wynmotor De Broek

De mole is in middelgrutte mealreeë Amerikaanske wynmotor fan it net folle foarkommende type Van der Laan. Hy waard yn 1915 boud troch Lubbert van der Laan (1881-1952), de doarpssmid fan Garyp. De wynmotor mei 18 blêden en in flecht fan 3,60 meter stie earder op twa ferskillende plakken oan de Burgumer Mar. Oant 1994 bemealde de mole dêr in polder fan 15 ha, mar hy ferlear syn funksje oan in gruttere mole en waard dêrnei ôfbrutsen. Fjouwer jier letter waard de wynmotor oankocht troch in partikulier, dy't him eigenhannich restaurearre en oerpleatse liet op syn hjoeddeiske lokaasje oan de Skiensleat oan de noardside fan De Broek, dêr't hy in lytse polder bemealt. De mole waard yn 2004 offisjeel opnij yn gebrûk nomd. Hy is net te besichtigjen.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje