Xavier Lesage
François Xavier Edmond Marie Lesage (Moret-sur-Loing, 25 oktober 1885 - Gisors, 3 augustus 1968) wie in Frânsk hynstesporter.
Xavier Lesage | ||
![]() | ||
![]() | ||
Xavier Lesage mei Taine (1933) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | François Xavier Edmond Marie Lesage | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 25 oktober 1885 | |
berteplak | Moret-sur-Loing | |
stjerdatum | 3 augustus 1968 | |
stjerplak | Gisors | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hynstesport | |
ûnderdiel | Dressuer | |
O.S. | Parys 1924 Los Angeles 1932 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() |
Hy wie kolonel yn it Frânske Leger. Nei de Earste Wrâldkriich gie Xavier Lesage nei de Manege fan Saumur, dêr't er haadynstrukteur waard. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1932). Hy wûn yn Parys in brûnzen medalje mei Plumard. Oan'e ein fan'e jierren ’20 gie er mei Taine riden en it duo wie suksesfol, yn Los Angeles waard er twafâldich Olympysk kampioen.
Taine, in glânzjende swarte folbloed, die oant 1933 mei op rutertoernoaien. Doe't er yn 1940, yn 'e mande mei oare hynders út Saumur, evakuearre wurde moast nei in Frânske regio dy't net beset wie troch de Dútsers, bruts Taine syn skonk ûnder it laden en moast ynsliept wurde.
Xavier Lesage ferstoar op 3 augustus 1968, yn 'e âldens fan 82 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|