Yndo-Sina of Yndosina is in geografyske oantsjutting foar it fêstelân fan Súdeast-Aazje. It omfiemet de lannen Fjetnam, Laos, Kambodja en it eastlike part fan Tailân. Yn rommere sin wurdt njonken dizze lannen ek Myanmar, it fêste lân fan Maleizje en Singapoer meirekkene. De oantsjutting waard foar it earst brûkt troch de Deensk-Frânske geograaf Conrad Malte-Brun (1775-1826) yn syn wurk Précis de la Géographie Universelle, dat yn 1810 yn Parys útjûn is. De namme tsjut nei de kulturele ynfloed fan Yndia oan iene kant en Sina oan oare kant. Yn Malte-Brun syn oantsutting wurdt it suden fan Sina en Banglades der ek by rekkene. Hjoed-de-dei wiist dy oantsjutting ornaris op it eardere Frânske Yndo-Sina (Indochine française) ofwol de Uny fan Yndo-Sina.

Yndo-Sina 1886

It klimaat is tropysk yn it suden en subtropysk yn it noarden.