De ynsekte-iters (Latynske namme: Eulipotyphla) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dy't tsjintwurdich de famyljes fan de stikelbargen, mollen, pipermûzen en solenodons omfettet, en teffens de útstoarne Westyndyske pipermûzen. Foarhinne, doe't dit skift noch de Latynske namme fan Insectivora droech, waarden ek de toepaja's, hûdfleaners, springpipermûzen, tenreks en goudmollen derta rekkene, mar dy yndieling is sûnt de twadde helte fan 'e njoggentiger jierren efterhelle. Ek de teory dat de stikelbargen net in ûnderdiel mar in sustergroep (mei as namme de Erinaceomorpha) fan 'e ynsekte-iters wêze soene, is ûnderwilens wjerlein.
- skift ynsekte-iters (Eulipotyphla)
|