Ynterglasiaal

In ynterglasiaal (ôflaat fan it Frânske glace, dat "iis" betsjut) of ynterglasiaal tiidrek is in kâldere perioade binnen in iistiid. In ynterglasiaal duorret tsientûzenen jierren. Ynterglasialen wurde binnen in iistiid ôfwiksele mei kâldere perioaden, dy't ek tsientûzenen jierren duorje en dy't glasialen neamd wurde. In ynterglasiaal wurdt karakterisearre troch it bestean fan iiskapen en gletsjers, dy't lykwols yn sa'n tiidrek yn har útwreiding beheind binne ta de poalstreken, resp. de heechberchtmen. Mei't de Lêste Glasiaal likernôch 12.000 jier lyn einige, libje wy no yn in ynterglasiaal fan 'e Kwartêre Iistiid.

Kwartêre IistiidBewurkje

De Kwartêre Iistiid begûn likernôch 2,6 miljoen jier lyn en duorret fuort oant hjoed de dei. Binnen dat tiidrek hawwe der in stikmannich ynterglasialen en glasialen west. Allinnich al yn 'e lêste 740.000 jier wiene der teminsten acht ynterglasialen. De Foarfoarlêste Ynterglasiaal of Holstein-ynterglasiaal begûn omtrint 418.000 jier lyn en duorre 71.000 jier, oant likernôch 347.000 jier lyn de Foarlêste Glasiaal begûn. De Lêste Ynterglasiaal of Eem-ynterglasiaal, dy't 13.000 jier duorre, begûn 130.000 jier lyn en gie 117.000 jier lyn oer yn 'e Lêste Glasiaal. De hjoeddeistige ynterglasiaal, it Holoseen, sette omtrint 11.700 jier lyn útein.

Ek binnen ynterglasialen kinne kâldere perioaden foarkomme. In bekend foarbyld dêrfan is de saneamde Lytse Iistiid (gjin echte iistiid), dy't him foardie fan 'e fyftjinde oant de njoggentjinde iuw. De legere temperatueren yn dy perioade hiene in dúdlik merkbere ynfloed op 'e minsklike kultuer en maatskippij, sa't ôflêzen wurde kin út 'e withoefolle wintertafrielen op skilderijen fan Hollânske keunstskilders, wêrby't lju op 'e tichtferzen grêften oan it reedriden binne (wat no suver net mear foar te stellen is). Minder wie dat it ferlern gean fan 'e Noarske koloanjes yn Grienlân nei alle gedachten ek oan 'e legere temperatueren te witen wie. Nettsjinsteande dat wie it temperatuerferskil lang net grut genôch om fan in glasiaal sprekke te kinnen.

Berekkenings fan kompjûtermodellen geane derfan út dat de hjoeddeistige ynterglasiaal teminsten noch 50.000 jier oanhâlde sil, en wierskynlik langer om't de troch minsklike aktiviteit feroarsake klimaatferoaring en opwaarming fan 'e Ierde yn 'e berekkenings net meinommen is.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.