Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh (Ingelsk: Edinburgh International Film Festival, soms ôfkoarte ta EIFF) is in filmfestival dat elts jier yn juny holden wurdt yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh. De organisaasje is yn 'e hannen fan it Edinburgh Film Guild. It evenemint bestiet sûnt 1947 en is it âldste filmfestival dat sûnder ûnderbrekking sûnt it ûntstean elts jier plakfûn hat. De films op it evenemint binne ûnderferdield yn Skotske, Britske, Jeropeeske en ynternasjonale kategoryen.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Edinburgh
Edinburgh International Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Skotlân
plak Edinburgh
tiid fan it jier juny
bysûnderheden
ôfkoarting EIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1947 – no
org. troch Edinburgh Film Guild
offisjele webside
www.edfilmfest.org.uk

Skiednis bewurkje seksje

Yn it ramt fan it Ynternasjonaal Festival fan Edinburgh fan 1947 waard troch it Edinburgh Film Guild in Ynternasjonaal Festival fan Dokumintêre Films (International Festival of Documentary Films) organisearre, dêr't dokumintêres fan oer de hiele wrâld te sjen wiene. Dat wie it begjin fan wat yn 'e jierren dêrnei, doe't it evenemint him útwreide en fiksjefilms taliet, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh kaam te hjitten. Oant en mei 2007 waard it filmfestival elts jier yn augustus holden, mar mei yngong fan 2008 waard it ferskood nei in perioade fan twa wiken yn juny.

Hjoeddeistige sitewaasje bewurkje seksje

Op 't heden lit it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh elts jier in kar oan films fan alle sjenres út lannen fan oer de hiele wrâld sjen. De thúsbasis fan it evenemint is it Edinburgh Filmhouse, mar it festival makket gebrûk fan in grut tal oare bioskopen en filmsealen ferspraat troch de stêd, wêrûnder Fountainpark Cineworld, it Edinburgh Festival Theatre en it Odeon Edinburgh.

De folgjende filmkategoryen meitsje diel út fan it festival:

Dêrnjonken biedt it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh ek diskusjefoara en de kâns om yn 'e kunde kommen mei guon fan 'e grutste nammen fan 'e wrâldsinema.

Prizen bewurkje seksje

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh rikt de folgjende prizen út:

  • Michael Powell Priis foar Bêste Britske Lange Film (hjiroan is in jildpriis fan £20.000 ferbûn)
  • Priis foar Bêste Optreden yn in Britske Lange Film
  • Priis foar Bêste Ynternasjonale Lange Film (hjiroan is in jildpriis fan £10.000 ferbûn)
  • Priis foar Bêste Lange Dokumintêre (hjiroan is in jildpriis fan £10.000 ferbûn)
  • McLaren Priis foar Bêste Nije Britske Animaasjefilm
  • Priis foar Bêste Koarte Film
  • Priis foar Kreätive Ynnovaasje yn in Koarte Film
  • Priis foar Treflike Yndividuele Bydrage oan in Koarte Film
  • Publykspriis (Audience Award)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.