Ypke Gietema (Maarn, 4 jannewaris 1942- 9 maart 2013) wie in Nederlânske politikus foar de PvdA.

Ypke Gietema (1980)

De dûmyssoan Ypke Hein Gietema groeide op yn Koarnjum. Nei de HBS yn Ljouwert studearre hy sosjology oan de RuG en waard dêrnei yn 1969 beneamd as dosint en koördinator by de destiidske sosjale academy (ASCA) yn Grins. Yn 1974 waard hy keazen as riedslid fan de gemeente Grins. Hy folge yn 1978 Max van den Berg op as wethâlder fan Romtlike Oardering. Gietema ûntwikkele him as ien fan de driuwende krêfen efter ferskate - faak kontroversjele - bouprojekten yn de stêd, lykas de nijbou fan it Grinzer Museum.

Gietema rekke yn augustus 1990 belutsen yn in polityk reltsje oer de kosten fan de ynrjochting fan de wethâlderskeamers. It tydskrift Eigen Huis en Interieur ûntfâlde dat syn fergadertafel en de byhearrende stuollen mei inoar mear as 5.300 gûne koste hie. De opposysjepartij GrienLinks easke klearrichheid. Gietema neamde de krityk "ûnsinnich". [1]

Yn 1992 gie Gietema ôf nei oanlieding fan de Grinzer Kredytbank-affêre. Yn datselde jier krige hy de Rotterdam-Maaskantpriis foar syn bydrage oan de arsjitektuer.

Nei syn ôfgean as wethâlder krige Gietema te kampen mei sykte. Letter hold hy him dwaande mei "it realisearber meitsjen fan foar de mienskip wichtige saken yn de romste sin fan it wurd en dat benammen yn gearhing mei foarjouwing en ynrjochting fan de iepenbiere romte". Yn 1996 wie hy sjueryfoarsitter fan de twajierlikse Omjouwingsarsjitektuerpriis. [2]

Oer Gietema waard in 2007 troch Jasper Huizinga en Lotte Veltman de dokumintêre "Ypke" makke.

In funksje yn de lanlike polityk hat er, nei eigen sizzen, nea ha wold. "Lit my mar lekker kloaie yn de provinsje", wie syn biedwurd. [3]

Bibliografy bewurkje seksje

  • Cate F. ten, Ex-wethouder Gietema: Een aantrekkelijk gebouw is mooi, maar de openbare ruimtes geven aan de stad haar karakter, interview bij het vertrek van Gietema als wethouder van Groningen, yn: Binnenlânsk Bestjoer, 1992
  • Gietema, Ypke et al, De omslag: Ypke Gietema en de stad Groningen, útjûn by de útrikking fan de Rotterdam-Maaskantpriis, Rotterdam, 1992

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webstee RTV Noord, Dizze Dei yn de Skiednis (8 augustus 2007)
  2. Webstee Omjouwingsarsjitektuerpriis (10 augustus 2007)
  3. Hermans, Jacques, Ypke Gietema yn: 101 Markante Grinzers fan de tweintichste ieu, 2001, ISBN 90-330-1240-5