Yves Baillat (útspr. [iv be'ja], likernôch: "yvve bee-ja"), echte namme ûnbekend (Parys, 8 maart 1948), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur. Syn artystenamme wurdt ek wol werjûn as Yves Bailat, Yves Baillart, Yves, Bailard, Yves Baillard of Yves Bayard, en hy hat ek wol wurke ûnder de skûlnammen Yves Il Fungo, Yves le Prince en Yves Pont. Baillat sette yn 'e 1980-er jierren of mooglik noch earder útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2009 beëinige er syn karriêre as pornoakteur.

Yves Baillat
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Yves Bailat, Yves Baillart, Yves
Bailard, Yves Baillard, Yves
Bayard, Yves Il Fungo, Yves le
Prince, Yves Pont
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 8 maart 1948
berteplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf <19872009
offisjele webside
Yves Baillat op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Baillat waard yn 1948 berne yn 'e Frânske haadstêd Parys. It is net alhiel dúdlik wannear't er úteinsette mei in karriêre as pornografysk akteur. De Internet Adult Film Database (IAFD) giet foar him werom oant 1987, mar dy database is ûnfolslein as it om 'e jierren tachtich en earder giet, dat it is hiel wol mooglik dat Baillat al earder begûn is mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry.

Hoe dan ek, Baillat spile teminsten yn mear as 440 pornografyske films. Dêrby wied er benammen yn Jeropa wurksum, foar filmstudio's út Frankryk, lykas Vidéo Marc Dorcel, út Dútslân, lykas Magmafilm, Videorama en Sascha Alexander Productions, út Itaalje, lykas de Mario Salieri Entertainment Group, út Sweden, lykas Private, en út Nederlân, lykas Helen Duval Entertainment. Dêrnjonken wie Baillat ek wol aktyf yn 'e Feriene Steaten, dêr't er wurke foar sokke foaroansteande labels as Anabolic Video, VCA Pictures, Sin City, Diabolic Video en Evil Angel.

Under syn karriêre wurke Baillat gear mei aktrises as Nikki Anderson, Erika Bella, Anita Blond, Dolly Buster, Rita Cardinale, Tabatha Cash, Kimberly Chambers, Channone, Sandra Dark, Barbara Doll, Nicolette Fauludi, Jeanna Fine, Holly Fosters, Cecilia Grout, Anita Gyöngy, Keisha, Joy Kiss, Sidonie Lamour, Sally Layd, Tonisha Mills, Barbara Molat, MoniKat, Kate More, Teresa Orlowski, Caroline Pierce, Moana Pozzi, Olivia del Rio, Karma Rosenberg, Domonique Simone, Julia Spain, Kelly Stafford, Ilona Staller (Cicciolina), Su Ann, Agnes Tilli, Vanda Vitus, Jacqueline Wild, Cassandra Wilde en Sarah Young.

Guon fan Baillat syn bekendste films wiene Tatiana diel 1 en 2, Apocalypse Climax diel 1 en 2, Arrowhead en The Tower diel 2. Ek spile er yn alve dielen fan 'e rige Triple X, fan Private, alve dielen fan 'e searje L'École de Laetitia, fan 'e Frânske filmstudio Nanou, en alve dielen fan 'e rige Assman, fan Anabolic Video. Yn 2009 beëinige Baillat nei teminsten 22 jier syn wurkpaad yn 'e pornoyndustry.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: