Sosimus

(Trochferwiisd fan Zosimus)

Sosimus (Latyn: Zosimus; fl. 490-er oant 510-er jierren), wie in Byzantynsk histoarysk skriuwer, dy't suksesfol wie yn Konstantinopel ûnder it bewâld fan de Romeinske keizer Anastasius I (491 - 518). Neffens Photius wied Sosimus in comes (greve), en ponghâlder fan de keizerlike skatkiste. Yn de midsiuwen stie hy bekend as in heidenske skriuwer.

Wurk bewurkje seksje

It wichtichste wurk dat Sosimus skreaun hat, is Nije Histoary en omfieme seis boeken. Syn ierste boeken wienen benammen in gearstalling fan eardere skriuwers (Deksippus, Eunapius, Olympiodoarus): yn it earste boek jout er yn it koart de skiednis fan de iere keizers fan Augustus ôf oant Diokletianus; it twadde, tredde en fjirde boek giet mear yn detail oer it tiidrek fan de troansbestiging troch Konstantius Kloarus en Galearius ôf oant de dea fan Teodoasius I; de fiifde en seisde boeken, binne it meast brûkber foar histoarisy en omfiemje it tiidrek tusken 395 en 410. Benammen foar de ein fan dat tiidrek is Sosimus de wichtichste, net-tsjerklike boarne. Syn wurk, dat net folsein oerlevere is, waard nei alle gedachten skreaun tusken 498 en 518.