De nôt- en pelmûne Berg oan de Grintwei 63 is de meast westlike fan de trije mûnen yn de Grinslânske stêd Wynskoat.

Mûne Berg
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Grintwei 63
bysûnderheden
type bouwurk Nôt- en pelmûne
boujier 1854
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39014 [1]

De mûne waard yn 1854 boud en bleau yn de 20e iuw yn it besit fan de famylje Berg. Dat ferklearret ek de namme fan de mûne.

De mûne is yn 2000 restaurearre en wurket sûnt dy tiid wer hielendal. In frijwillige mûnder set de Berg wer regelmjittich yn bedriuw.

Sûnt 1953 wie de gemeente Wynskoat eigner fan it monumint. Tsjintwurdich is dat de gemeente Aldamt, dêr't Wynskoat sûnt 2010 ûnder falt.

De mûne is de iennige fan de trije Wynskoater mûnen mei noch altiten selsswichting. De flecht is 22,65 meter.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: