De Edens is in nôtmûne yn Wynskoat, Grinslân. It is de âldste mûne fan de trije mûnen fan Wynskoat en tagelyk ek fan de provinsje Grinslân.

Mûne Edens
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
plak Wynskoat
adres Nassaustrjitte 14
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1763
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39010 [1]
offisjele webside
FB-side fan de Edens

Nei alle gedachten waard de mûne yn 1763 as pelmûne boud en letter ek as nôtmûne ynrjochte. Hjoed-de-dei is allinne it mealwurk noch oanwêzich. Yn 1870 waard de mûne hegere makke. Foar de grutte joadske mienskip fan Wynskoat waard op de Edens ûnder tafersjoch fan it rabbinaat eartiids mealt neffens de koustere spiiswetten.

In grutte restauraasje fûn yn 1985 plak en sûnt wurket de mûne troch frijwilligers.

Om't in nij appartemintenkompleks tichteby de mûne in soad wyn opkearde, liet de gemeente, dy't yn dy tiid eigner wie, yn 2006 de stiennen ûnderbou fan de mûne mei trije meter ferheegje. Njonken de âldste mûne is de Edens dêrfandinne ek de heechste fan de provinsje. De flecht is 22,40 m. en sûnt de restauraasje fan de mûne yn de jierren 1980 hawwe de wjukken âldhollânsk stekwurk.

Tegearre mei de twa oare mûnen Berg en Dijkstra foarmet de mûne in karakteristyk monumint yn de mûnestêd Wynskoat. De tsjintwurdige eigner is de gemeente Aldamt, dêr't Wynskoat sûnt 2010 by heart.

Ek it mûndershûs út 1774 is noch oanwêzich.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: