It Bisdom Fulda (Latyn: Dioecesis Fuldensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn it noarden en easten fan Hessen, Dútslân. Dêrnjonken hearre noch lytse gebieten yn it west fan Tueringen (om Geisa hinne) en it noardwest fan Beieren (eksklave Ostheim von der Rhön) by it bisdom. Fulda is in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Paderborn. De biskopssit is de dom fan Fulda.

Bisdom Fulda
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Paderborn
Biskopssit Fulda
Katedraal Sint-Salvatordom
Hiemside www.bistum-fulda.de
Hierargy
Biskop Michael Gerber
Statistyk
Oerflak 10.318 km²
Befolking 1.727.479 (31.12.2022)
Wêrfan katolyk 347.777 (20,1%) (31.12.2022)
Dekenaten 10 (31 desimber 2022)
Parochy's 183 31 desimber 2022)
Lokaasje bisdom Fulda yn Dútslân.
Lokaasje bisdom Fulda yn Dútslân.

Skiednis bewurkje seksje

De skiednis fan it bisdom giet werom op 'e stifting fan in kleaster troch Bonifatius yn it jier 744. Bonifatius beneamde Sturmius as abt fan it kleaster.

 
Dom fan Fulda.

Paus Sacharias ornearre yn novimber 751 dat it kleaster net ûnder in bisdom, mar streekrjocht ûnder it pausdom foel. Dy spesjale bân mei Rome wurdt ek hjoed-de-dei noch ûnderstreke mei in byld fan Sint-Petrus yn 'e dom fan Fulda. Om't Bonifatius earder al de winsk útsprutsen hie om nei syn dea yn 'e kleastertsjerke begroeven te wurden, waard Fulda in belangryk beafeartsplak foar pylgers. Mei Sturmius waard Bonifatius de patroanhillige fan it kleaster en letter it bisdom.

Under de 9e-iuwske abt Rabanus Maurus hie it kleaster him ûntwikkele as in wittenskiplik sintrum fan it Hillige Roomske Ryk.

Freark II joech it kleaster yn 1220 de status fan in prinsbisdom. Nei de reformaasje sette mei de komst fan 'e Jezuïten yn 1571 nei Fulda de kontrareformaasje yn.

Under it bewâld fan prinsbiskop Balthasar von Dernbach (1570-1576 en 1602-1606) wie de heksejacht populêr. Mei 300 hekseprosessen yn trije jier wie Fulda ien fan 'e sintra mei de slimste hekseferfolgings.

Paus Benediktus XIV stifte op 5 oktober 1752 it bisdom Fulda en de abdijtsjerke waard de katedraal fan it bisdom. Mei de sekularisaasje yn 1802 waard de abdij ûntbûn, mar de tsjerke bleau de katedraal fan it bisdom. De grinzen fan it bisdom waarden yn 'e 19e iuw ferskillende kearen wizige. Tusken 1873 en 1881 besocht kânsler Otto von Bismarck mei de Kulturkampf de macht fan 'e tsjerke te brekken en wie de biskopssit fakant.

Ek yn 'e 20e iuw waarden de grinzen fan it bisdom oanpast. Mei de dieling fan Dútslân nei de Twadde Wrâldkriich waard it lestich foar de biskop om lieding te jaan oan 'e katoliken yn East-Dútslân. Ek it bisdom Würzburg hie dêr mei te krijen en dêrom waard yn 1946 nammens de twa bisdommen yn West-Dútslân de provoast fan 'e katedraal fan Erfurt beneamd ta fikaris-generaal foar East-Dútslân. Yn 1953 waard hy de helpbiskop fan 'e regio.

Mei de reorganisaasje fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn East-Dútslân yn 1973 waarden de East-Dútske regio's fan beide bisdommen op 'e nij tawiisd oan it biskoplik buro Erfurt-Meiningen (Bischöfliche Amt Erfurt-Meiningen) ûnder lieding fan in apostoalyske administrator.

Nei in akkoard tusken de Hillige Stoel en de Dútske steat mei betrekking ta de stifting fan it bisdom Erfurt op 14 juny 1994, waard it biskoplike buro troch paus Jehannes Paulus II yn in bisdom feroare. Allinne it dekanaat Geisa yn it Tueringer Rhönberchtme waard fanwegen de histoaryske bannen werom jûn oan it bisdom Fulda.

In bysûnderheid foarmet Ostheim vor der Rhön, dat by it bisdom Fulda heart, mar al sûnt 1945 oan it bisdom Würzburg pastoraal tabetroud is.

Bisdomhilligen bewurkje seksje

De belangrykste patroanhillige fan it bisdom is de yn 'e domtsjerke begroeven Bonifatius. Twadde patroanhillige is Elisabeth fan Tueringen. Oare patroanhilligen fan it bisdom binne Bardo, Lioba, Rabanus Maurus en Sturmius.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Roman Catholic Diocese of Fulda (ferzje 19 maaie 2024)