Bisdom Helsingør
It Bisdom Helsingør (Deensk: Helsingør Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis bewurkje seksje
It bisdom waard op 1 jannewaris 1961 troch in ôfsplitsing fan it bisdom Kopenhagen stifte. Under it bisdom falt de regio Hovedstaden, útsein de stêd Kopenhagen mei in pear rânegemeenten fan Kopenhagen.
Domtsjerke bewurkje seksje
- De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Helsingør.
De domtsjerke is de Sint-Olaftsjerke (Sct. Olai Domkirke) yn Helsingør.
Organisaasje bewurkje seksje
It bisdom bestiet út trettjin proasdijen (provstier), dy't ûnderferdield binne yn 147 parochy's (sogne) en 165 tsjerken (sifers fan 2023).[1]
Under it bisdom falle de folgjende proasdijen:
- Ballerup-Furesø Provsti
- Fredensborg Provsti
- Frederikssund Provsti
- Frederiksværk Provsti
- Gentofte Provsti
- Gladsaxe-Herlev Provsti
- Glostrup Provsti
- Helsingør Domprovsti
- Hillerød Provsti
- Høje Taastrup Provsti
- Kongens Lyngby Provsti
- Rødovre-Hvidovre Provsti
- Rudersdal Provsti
Biskoppen bewurkje seksje
- 1961–1980: J.B. Leer-Andersen
- 1980–1995: Johannes Johansen
- 1995-2021: Lise-Lotte Rebel 1995 - 2021
- 2021- : Peter Birch
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Bisdom Aalborg ● Bisdom Århus ● Bisdom Fún ● Bisdom Grienlân ● Bisdom Haderslev ● Bisdom Helsingør ● Bisdom Kopenhagen ● Bisdom Lolland-Falster ● Bisdom Ribe ● Bisdom Roskilde ● Bisdom Viborg |