Bisdom Lolland-Falster
It Bisdom Lolland-Falster (Deensk: Lolland-Falster Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, dêr't tsien fan yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis bewurkje seksje
It bisdom ûntstie yn 1803 troch ôfskieding fan it bisdom Fún.
Domtsjerke bewurkje seksje
- De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Maribo.
De domtsjerke fan it bisdom is de oarspronklik oan Marije en Sint-Birgitta wijde tsjerke yn Maribo.
Oantal leden bewurkje seksje
Yn 2023 wiene fan 'e 100.620 ynwenners yn it bisdom 80.874 lid fan 'e Deenske Folkstsjerke. Dat is 80,4% fan 'e befolking.[1]
Organisaasje bewurkje seksje
It bisdom is te ferdielen yn fjouwer proasdijen (provstis), dêr't 94 parochy's (sogns) mei 108 tsjerken ûnder falle. De fjouwer proasdijen binne:
- Falster Provsti
- Lolland Østre Provsti
- Lolland Vestre Provsti
- Maribo Domprovsti
List fan biskoppen bewurkje seksje
|
|
Keppeling om utens bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Bisdom Aalborg ● Bisdom Århus ● Bisdom Fún ● Bisdom Grienlân ● Bisdom Haderslev ● Bisdom Helsingør ● Bisdom Kopenhagen ● Bisdom Lolland-Falster ● Bisdom Ribe ● Bisdom Roskilde ● Bisdom Viborg |