Bloksyl

(Trochferwiisd fan Blokzijl)

Bloksyl[2][3] (Nederlânsk en offisjeel: Blokzijl, Nedersaksysk: Bloksiel of Blokziel) is fan âlds in havenstedsje oan de eardere Sudersee dat sûnt de gemeentlike weryndieling fan 2001 part is fan de gemeente Stienwikerlân. Foar it oanlizzen fan it Suderleech wie de fiskerij fan grut belang foar it stedsje. Hjoed-de-dei wurdt de haven drok besocht troch toeristen. In part fan Bloksyl is beskerme stedsgesicht. De buorskip Muggenbeet falt ûnder it stedsgebiet fan Bloksyl.

Bloksyl
De haven fan Bloksyl
De haven fan Bloksyl
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 1.395 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 16,28 km² wêrfan
15,08 km² lân
1,2 km² wetter
Befolkingsticht. 86 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 44' NB, 5° 58' EL
Offisjele webside
https://blokzijl.nl/
Kaart
Bloksyl (Oerisel)
Bloksyl

Bloksyl hat 1.395 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Skiednis bewurkje seksje

 
Bloksyl op in kaart út 1534

Bloksyl ûntstie om in syl hinne dy't yn de 14e iuw yn de mûning fan de Stienwiker Aa siet en tagelyk ek foar it ôfwetterjen soarge foar Follenhove en Giteren. Oarspronklik mûne de Tsjonger (Kúnder) dêr ek út. De eardere rivierdyk, dy't letter as seedyk tsjinne, stiet noch bekend as de Kúnderdyk.

De delsetting dy't om dy syl ûntstie foel ynearsten ûnder it karspel fan Baarlo. Dêrom waard earst ek oer de Barlasyl (Baerlesile) sprutsen. By de syl wie yn 1336 in fjildslach tusken Fryske en Gelderske troepen.

De Grutte Syl, letter ek wol Follenhoofskesyl neamd, waard yn 1375 neamd. De twa oare slûzen wiene de Stienwikersyl en de Giterskesyl. Kampen woe yn 1438 hawwe dat by de nije Stienwikersyl, lykas de oare silen, peallen set wurde dy't de skipfeart behinderje soene. Mar letter krige dy syl likegoed noch de funksje foar de skipfeart. Dat gou benammen foar de Follenhoofskesyl dy't yn 1636 omboud waard as folsleine skutslûs. Tusken de Follenhoofskesyl en de Stienwikersyl wie it boerehiem Ter Zyle (1491), dat mooglik lykas oare boerehiemen ta de biskop fan Utert hearde. Faaks spilen fertsjintwurdigers fan de biskop in rol by de stifting fan it havenplakje.

Yn 1438 waard der sprutsen fan Groote Zyl by Blockes huis. Dêrút waard ôflaat dat dêr doe in militêre fersterking west hawwwe soe of dat dêr in blokhûs wie. Dêrfoar binne lykwols gjin oanwizings, de skâns komt fan 1573. Guon skriuwers oppenearje dat de namme fan in persoanennamme Block komme soe.

De hjoeddeistige namme Bloksyl wurdt yn 1521 foar it earst neamd. In bloksyl (Aldfrysk: blocksyl) is in kokerslûs dy't fan swiere houten balken makke waard en gaadlik wie om skippen troch te litten. Dêr wurdt nei alle gedachten de Follenhoofskesyl mei ornearre. Yn 1569 wurdt der wer fan Grote Zyel sprutsen, dy't op den Bluczyl lei. Yn 1571 wurdt den Bluckzijl neamd, yn 1582 Blocksijl en yn 1596 Bloxiel.[4]

Benammen de turf dy't yn it efterlân wûn waard soarge foar in soad bedriuwigens. Al yn 1518 waard op de folladen turfskippen dy't troch de syl fearen tol heft. Jan fan Ligne, greve fan Arenberch, sûnt 1548 steedhâlder fan Fryslân, Grins en de Ommelannen, Drinte en Oerisel liet de tagongsfearten ferbetterje en in haven far de hannel oanlizze.

Yn de Tachtichjierrige Kriich waard it plak yn 1581 troch Diederik Sonoy fersterke om oan 'e eastkant fan de Sudersee in stipepunt fan de Steatske float en útfalsbasis foar de striidkrêften tsjin de Spanjerts te bemachtigjen. Yn de jierren [[1580/1581 krige Bloksyl fan ferdigeningswâlen, dê't in fêsting fan fiif bolwurken fan makke waard. Om 1600 hinne krige Bloksyl in stikmannich privileezjes, lykas it alle jierren op 1 jannewaris it beneamen fan trije deputearren, letter boargemaster neamd. Yn 1610 lutsen de Steaten fan Oerisel dy rjochten wer yn om't de prins gjin tastimming frege hie. Yn 1592 krige Bloksyl in waach en yn 1609 waard de herfoarme tsjerke boud.

Bloksyl waard yn dy snuorje in wichtich hannelsplak. Yn 1672 krige it plak fan steedhâlder Willem III stedsrjochten. Yn 1674 protestearre de drost fan Follenhove en de Steaten fan Oerisel wegeren dy rjochten te befêstigjen. Yn 1675 waarden dy stedsrjochten wer ynlutsen en foel Bloksyl fannijs ûnder it skoutamt Follenhove.

Nei it drûchlizzen fan it Suderleech yn [[1942] ferdwûn de betsjutting fan Bloksyl as fiskers-en hannelshaven. Hjoed-de-dei wurdt de haven benammen troch de plesierfeart brûkt.

Oant 1973 wie Bloksyl in selsstannige gemeente. Dat jier waard it part fan de gemeente Brederwiede, dy't yn 2001 part fan de nije fúzjegemeente Stienwikerlân waard.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Ferkear en ferfier bewurkje seksje

Bloksyl leit oan de N333 fan Marknesse nei Stienwyk.

Ofbylden bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. https://www.cbs.nl/nl-nl/maatwerk/2021/31/kerncijfers-wijken-en-buurten-2021
  2. Neamd as "Bloksyl" yn Koart plysjenijs, op Omrop Fryslân
  3. De krant van toen op delpher.nl
  4. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard. etymologiebank.nl (2018).
Boarnen
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bloksyl fan Wikimedia Commons.
 
Stienwikerlân
 
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
wizigje