De Halen is in sawat twa meter hege sânrêch súd fan de doarpen Driezum-Ikkerwâld. Oer de Halen rûnen iuwenâlde sânpaden, de Halepaden. Op de halen wenne eartiids it earmere diel fan de befolking.

De Hale, Moarrewâld

De namme betsjut eat as toare, drûge grûn. In ynwenner wennet Op 'e Hale waard der sein. It oarspronklik karakter fan de Halen is ferlern gien troch bebouwing en ruilferkaveling.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: