Droegeham (ek De Ham) is in doarp yn it westen fan de gemeente Achtkarspelen. Noardlik fan it doarp lizze de Hamstermieden, in natoergebiet fan Steatsboskbehear en de provinsje Fryslân.

Droegeham
Walburgatsjerke
Walburgatsjerke
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Achtkarspelen
Sifers
Ynwennertal 1.680 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,45 km², wêrfan:
- lân: 10,15 km²
- wetter: 0,30 km²
Befolkingsticht. 166 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12'N 6° 06'E
Lokaasje Droegeham (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Lokaasje Droegeham (grien) yn 'e gemeente Achtkarspelen
Offisjele webside
www.drogeham.com
Kaart
Droegeham (Fryslân)
Droegeham

Under Droegeham falt ek de buorskip Bouwekleaster.

Droegeham hat 1.680 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. It doarp leit oan de súdkant fan it Knillesdjip. Droegeham leit op in sânkop sadat it doarp yn it ferline by wetteroerlêst drûch bleau.

Skiednis bewurkje seksje

Hoe âld it doarp is wit nimmen. De toer fan de Walburgatsjerke is út it earste fearn fan 'e 13e iuw. De namme is streekrjocht ôflaat fan de lizzing fan it doarp op in drûge sânrêch tusken wetter. Ham betsjut ek in fan de dyk ynsletten stik lân. Yn in dekanaatsregisters fan 1475 wurdt Droegeham as Asterham (Easterham) neamd. Mooglik foarmen de nammen Westerham (Koaten) en Easterham eartiids ien doarp en dat Easterham him letter fan Westerham ôfskuorde. Koaten hat âldere papieren as Droegeham om't bekend is dat dêr oan de Alde Dyk in âldere tsjerke dan dy fan Droegeham stien hat.

 
De klokkestoel fan Bouwekleaster

Eastlik fan Droegeham lei eartiids it Sepulchrum Sanctae Maria (Grêf fan de Hillige Marije), better bekend as it Bouwekleaster. It nonnekleaster hearde ta de oarder fan de premonstratinzers en bestie likernôch 350 jier. Nei de reformaasje rekke it yn ferfal en om 1800 hinne binne de lêste oantinkens ôfbrutsen.

De âlde tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Sint-Walburga. Yn 1842 krige Droegeham in twadde tsjerke oan 'e Sannen foar de ôfskieden gemeente, dy't yn 1877 ferfongen waard troch in neogoatysk gebou. Dy tsjerke waard yn 1968 ferfongen troch de hjoeddeiske Jakob Tsjerke. Sûnt 1931 hat Droegeham in kristlik-grifformearde tsjerke en nei de oarloch krige Droegeham ek noch in grifformeard-frijmakke tsjerke.

It doarp wie earder yn haadsaak rjochte op de lânbou. Tsjintwurdich hawwe in soad fan de ynwenners harren wurk yn omlizzende plakken lykas Drachten, Ljouwert en Surhústerfean.

De NAM boarre yn 2007 opnij nei gas by Droegeham. By it doarp waard yn 1980 ek al nei gas boarre, mar dat waard dêr doe net fûn. Der wurdt tocht dat it der wol wêze moat.

Mienskip bewurkje seksje

Dorpskrante fan Droegeham hjit "Brinkpraat".

Tsjerken bewurkje seksje

Skoalle bewurkje seksje

Ferieningen bewurkje seksje

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1840 1955 1960 1965 1970 1973 2004 2015 2020
Ynwenners 264 1394 1372 1391 1472 1564 1759 1752 1686

Berne bewurkje seksje

Eveneminten bewurkje seksje

  • It grutste evenemint yn Droegeham is de "Gondelfeart op Tsjillen" dat elk jier yn septimber holden wurdt en dêr't tûzenen minsken op ôf komme.
  • Oare weromkommende eveneminten binne "De Ronde fan de Kerspelen", in hurdfytsomgong foar amateurs en in grut Concours Hippique.

Ferskaat bewurkje seksje

  • Troch de nije stavering yn 2015 soe de nije skriuwwize Drûgeham wêze moatte, mar dan moat de gemeenteried dy earst sa fêststelle.
  • In 'Droegehamster' is ek de beneaming fan in net al te fette ko.
  • De Fryske skriuwer Jan Dotinga wurke sûnt 1969 as haad fan de kristlike basisskoalle fan Droegeham, dêr't er oant 1995 bleau.[3]

Strjitten bewurkje seksje

Alle strjitten yn Droegeham.

Iepenbier ferfier bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Sirkwy.nl, oproppen 19 maaie 2023

 
Achtkarspelen
 
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
wizigje