Ethel Portnoy (8 maart 1927, Philadelphia (Feriene Steaten) — 25 maaie 2004, De Haach) wie in Nederlânsk skriuwster fan Amerikaansk-Joadsk komôf. Sy skreau essays, kollumns, koarte ferhalen, reisferhalen en in tal romans.

Ethel Portnoy
skriuwer
Ethel Portnoy yn 1979
Ethel Portnoy yn 1979
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ethel Portnoy
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 maart 1927
berteplak Philadelphia
stoarn 25 maaie 2004 (77 jier)
stjerplak De Haach
etnisiteit flagge fan Israel Joadsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre roman, essay, kollumn, reisferhaal
útjouwer Meulenhoff, Amsterdam
prizen Opzij Literatuerpriis
offisjele webside
gjin

Biografy bewurkje seksje

Ethel Portnoy waard berne yn Philadelphia, mar waard grutbrocht yn de Bronx yn New York as dochter fan Russysk-joadske ymmigranten. Nei in stúdzje letterkunde en Frânsk, ferfear se yn 1950 nei Jeropa, mei in Fulbrightbeurs foar de Universiteit fan Lyon. Teffens studearre se Kulturele antropology en argeology yn Parys, ûnder oare by Claude Lévi-Strauss. Yn 1951 troude se mei de skriuwer Rudy Kousbroek. It opbringen fan har twa bern en har wurk by de UNESCO naam in protte fan har tiid yn beslach; sadwaande kaam se net oan skriuwen ta. Fia Kousbroek moete se Remco Campert en Simon Vinkenoog, oare Nederlânske Vijftigers en ek leden fan de keunstnersgroep Kobra. Letter folge hja de kolleezjes fan semiolooch Roland Barthes, dy't har ûnder mear oantrune tan skriuwen yn de ik-foarm. Fan 1970 ôf wenne se yn De Haach.

Portnoy debutearre yn 1971, doe't se 44 jier wie, mei it boek Steen en been. Dêrnei ferskynden noch goed 25 boeken fan har. De útdrukking broodje aap (foar apokrive ferhalen dy't as wierbard trochferteld wurde) komt fan it titelferhaal yn in bondel stedsleginden fan Portnoy. Mei Hanneke van Buuren en Hannemieke Postma rjochte Portnoy it tydskrift Chrysallis op, dat him rjochte op feministyske literatuer. Yn 1991 krige Ethel Portnoy de Annie Romeinpriis fan it feministyske moanneblêd Opzij foar har hiele oeuvre.

Ethel Portnoy skreau yn it Ingelsk, mar fielde har Nederlânsk skriuwster. Har boeken waarden oerset troch har eks-man, harren dochter Hepzibah Kousbroek (1954-2009) en troch Tinke Davids. Dit is nei alle wierskyn de reden west dat se nea in Nederlânske literatuerpriis krigen hat, útsein de neamde Annie Romeinpriis.

Priuwke fan har wurk bewurkje seksje

Holland is bewurkje seksje

(fragmint fan in gedicht)
Holland is six kinds of weather per day
Holland is enkele plaatselijke buien
Holland is rain.
...
Holland is narrow staircases
Holland is zegels plakken
Holland is gratis aanbieding met de fles - een plastic eierdopje.
Holland is grey plastic garbage sacks
Holland is bouwvakkersvakantie
Holland is shops where
ze hebben het wel, maar niet in voorraad.
Holland is greeting-cards
met de mond geschilderd
Holland is somebody's
verjaardag
every other day
Holland is buried under flowers like a corpse...

Wurk bewurkje seksje

  • 1971 - Steen en been en andere verhalen
  • 1974 - De brandende bruid
  • 1978 - Broodje Aap. De folklore van de post-industriële samenleving
  • 1978 - Belle van Zuylen ontmoet Cagliostro (toanielstik)
  • 1981 - Het ontwaken van de zee
  • 1983 - Vliegende vellen
  • 1984 - Amourettes en andere verhalen
  • 1984 - Vluchten
  • 1985 - Een hondeleven
  • 1986 - De Geklede Mens
  • 1986 - De lifter en andere verhalen
  • 1987 - Dromomania
  • 1989 - Opstandige vrouwen
  • 1990 - Rook over Rusland
  • 1991 - De eerste zoen
  • 1992 - Europese Kusten (tegearre mei Martin Kers)
  • 1992 - Gemengde gevoelens
  • 1992 - Madonna's Appel (froulju en de media)
  • 1992 - Broodje Aap Met
  • 1993 - Altijd Zomer (roman)
  • 1994 - Overal Thuis (reisferhalen)
  • 1996 - Bange Mensen (roman)
  • 1998 - Genietingen
  • 2000 - Zielespijs en wat verder ter tafel komt
  • 2003 - Portret (autobiografysk)
  • 2004 - Parijse Feesten
  • 2004 - Vijf onbekende zaken van Sherlock Holmes
  • 2009 - Machines en emoties (briefkerij tusken Willem Frederik Hermans, Rudy Kousbroek en Ethel Portnoy)

Portnoy skreau foar de Haagse Post, NRC Handelsblad, Maatstaf en Vrij Nederland

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje