Groenveld is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. It doarp tusken de doarpen Dirkshorn en Valkkoog. It doarp wurket op mêd fan ferienings en foarsjennings in soad gear mei de tichteby lizzende doarpen Dirkshorn en Stroet.

Groenveld
Mûne fan Groenveld
Mûne fan Groenveld
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 140 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 46' N, 4° 48' E
Offisjele webside
https://www.groenveld-dorp.nl/
Kaart
Groenveld (Noard-Hollân)
Groenveld
Kaart
Mûne fan Groenveld
Himrik fan Groenveld yn de eardere gemeente Harenkarspel

Groenveld hat 140 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Geografy bewurkje seksje

It doarp Groenveld bestiet út fjouwer strjitten: De Groenveldsdijk, Sluiswegje, Valkkogerweg en Groenvelderweg. Groenveld leit 50 oant 100 sintimeter heger as it oanswettende lân dêromhinne. Dat komt troch de bewennings- en kultuerlagen dy't der troch de iuwen hinne stadichoan foar opheging soargen. De natuerlike boaiem bestiet benammen út lagen klaaiïch sân dy't yn it holoseen troch de see ôfset waarden.

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1478 waard der al oer Groenvelt skreaun. Bestjoerlik hearde it plak by Sint Maarten. Groenveld leit midden tusken polders yn, lykas de Groenveld-, Westerend- en Ringpolder. De namme bestiet út feld ("iepen flakte/fjild") en groen (grien) bewoeksen mei grien gewaaks ta tsjinstelling fan boulân.

De measte huzen yn Groenveld waarden tusken 1900 en 1940 boud. Yn de 1970-er jierren kaam der noch in bytsje nijbou. It westlik part fan Groenveld is it âldst. Dêr binne de âldste huzen en lânskiplike ynrjochtings, lykas in âlde groeven sleat dêr't eartiids in lytse sês yn stie. De measte huzen dêre komme fan de 19e en iere 20e iuw.

Oant 1990 hearde Groenveld by de gemeente Sint Maarten, dy't doe by de gemeente Harenkarspel kaam. Yn 2013 waard dy gemeente mei Skagen en Zijpe gearfoege ta de hjoeddeiske gemeente Skagen.

Bedriuwigens bewurkje seksje

Groenveld bestie fan oarsprong út lânbou, feehâlderij en ikkerbou allyk. De feehâlderij is ûnderwilens alhiel ferdwûn.It boulân bestiet út blombollen, ierdappels, woartels, koal, sûkerbiten en feefoer.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Mûne De Groenvelder is in om 1560 hinne boude poldermûne emi in ikenhouten achtkant. De mûne is in muonts en bemealt de polder Valkkoog, dy't yn 'e snuorje fan oprjochtsjen 497 hektare grut wie.

Galery bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Groenveld fan Wikimedia Commons.
 
Gemeente Skagen
 
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSchagerbrugSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
wizigje