List fan grutste gemeenten yn Nederlân

Wikimedia-list

De list fan grutste gemeenten yn Nederlân befettet de Nederlânske gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners. Op 1 jannewaris 2024 wiene der 32 gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners.

Lokaasje fan de 32 gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners

Beskriuwing bewurkje seksje

De gemeenten lizze ferspraat oer it hiele lân hinne. De provinsje Súd-Hollân hat mei acht de measte. Noard-Hollân folget mei fiif. Noard-Brabân en Gelderlân hawwe beide fjouwer, Oerisel hat der trije, Limboarch en Utert hawwe der beide twa, en Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân hawwe der allegear ien. Seelân is de iennige provinsje mei gjint.

Nederlân hat yn tsjinstelling ta in soad Jeropeeske lannen gjin gemeente mei mea as ien miljoen ynwenners. Amsterdam komt al tichteby. Tradisjoneel wurdt der fan de fjouwer grutte stêden yn 'e Rânestêd yn it westen fan Nederlân, sprutsen. Trije dêrfan, Amsterdam, Rotterdam en De Haach hawwe allegear mear as 500.000 ynwenners. Utert folget mei goed 360.000.

De midgroep bestiet út fjirtjin gemeenten fan 150.000 oant 250.000 ynwenners. Fjouwer dêrfan, Eindhoven, Grins, Tilburch en Almeare hawwe mear as 200.000 ynwenners. Eindhoven en Tilburch hearre ta de Brabânske Stêderige. It waaksen fan Almeare komt benammen troch migraasje fan lju út Amsterdam wei.[1]
Gemeenten lykas Grins, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee lizze yn it Noard- en East-Nederlân. Arnhim en Nimwegen foarmje de Stedsregio Arnhim-Nimwegen, dy't mei-inoar sa'n lytse 750.000 ynwenners hat. Apeldoarn, Dimter en Sutfen oparbeidzje mei-inoar en binne feriene yn 'e Stêdetrijehoeke, dy't mei-inoar goed 447.000 ynwenners hawwe.
Mei útsûndering fan Almeare, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee woeksen dy stêden benammen troch it anneksearjen fan buorgemeenten, lykas Eindhoven yn 1920, Tilburch yn 1997 en Grins yn 2019.

De lêste groep, mei in ynwennertal fan 100.000 oant 150.000 woeks yn de ôfrûne desenniums likegoed ta fjirtjin gemeenten. Ljouwert passearre de grins fan 100.000 yn 2014 doe't de gemeente in part fan de doe ophefte gemeente Boarnsterhim dêrby krige. De lêste gemeente dy't de 100.000 passearre wie de gemeente Dimter yn 2018. [2]

List bewurkje seksje

De ynwennertallen binne de sifers fan it CBS op peildatum 1 jannewaris 2024.

Namme Provinsje Ynwenners
1   Amsterdam   Noard-Hollân 934.855
2   Rotterdam   Súd-Hollân 671.341
3   De Haach   Súd-Hollân 565.769
4   Utert   Utert 374.130
5   Eindhoven   Noard-Brabân 246.583
6   Grins   Grinslân 243.366
7   Tilburch   Noard-Brabân 229.789
8   Almeare   Flevolân 226.786
9   Breda   Noard-Brabân 226.786
10   Nimwegen   Gelderlân 187.228
11   Apeldoarn   Gelderlân 168.193
12   Haarlim   Noard-Hollân 167.753
13   Arnhim   Gelderlân 167.527
14   Haarlimmermar   Noard-Hollân 163.279
15   Amersfoart   Utert 161.975
16   Ynskedee   Oerisel 161.573
17   Saanstêd   Noard-Hollân 161.504
18   De Bosk   Noard-Brabân 160.723
19   Swol   Oerisel 133.081
20   Leien   Súd-Hollân 130.179
21   Ljouwert   Fryslân 128.867
22   Zoetermeer   Súd-Hollân 128.636
23   Maastricht   Limburch 125.221
24   Ede   Gelderlân 123.441
25   Doardt   Súd-Hollân 122.184
26   Westlân   Súd-Hollân 115.903
27   Alfen oan de Ryn   Súd-Hollân 115.005
28   Alkmar   Noard-Hollân 112.374
29   Delft   Súd-Hollân 109.585
30   Emmen   Drinte 109.372
31   Fenlo   Limburch 103.891
32   Dimter   Oerisel 103.485

Belied bewurkje seksje

De Ryksoerheid hat in Gruttestêdebelied dêr't 44 gemeenten yn gearwurkje. It sette útein as de G4, de fjouwer grutste gemeenten, dochs waard stadichoan útwreide mei ta de 44 grutste gemeenten.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Almere blijft populairste bestemming van Amsterdammers. NUL 20 d.d. (29 novimber 2006). Argivearre op 8 febrewaris 2023.
  2. Bolink, J., Daar is hij dan: de langverwachte 100.000ste inwoner van Deventer. destentor.nl (26 septimber 2018). Argivearre op 8 febrewaris 2023. Oproppen op 30 septimber 201830 septimber 2018.