Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 53.688 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Skiednis bewurkje seksje

Bêste Sjoerd. It is baas en hâld it neutraal, ensyklopedysk; gjin romantyk, net te folle ûnderstellings, der is noch safolle net grif witten oer it ferline. Dat ik haw wat oan it skrassen west yn jo stikjes. It is wier net myn bedoeling om jo Wikynocht te bedjerren! Groetnis. Drewes (talk) 22 apr 2014, 19.09 (CEST)Beäntwurdzje

Bêste Sjoerd. Ik slút my oan by Drewes. Wikipedy is in Frysktalige ensyklopedy yn opbou. Mytyske ferhalen en leginden mei rom oergetten passe hjir net, al hoe moai dy ferhalen ek binne. Boppedat bestienen der al (ensyklopedyske) siden oer de Farusslach (Slach yn it Teutoboarger Wâld) en de Slach fan Baduhenna. Do bist fan herte wolkom en foegje jo witten ta, mar wês asjeblyft net te rûch. Drewes hat de side fan de Skiednis fan de Friezen weromsette moatten en ik tink der oer nei itselde foar de side Tiidline fan de Fryske skiednis te dwaan. Dêr haw ik dyn keppelingen nei dyn eigen webside al fuorthelle. Dat die ik omreden fan de ûntbrekkende feitlike ûnderbouwing fan dyn ferhalen. It is my ek net om dyn wikynocht te bedjerren, mar wy steane wol noed foar de kwaliteit fan dizze prachtige Wikipedy. Asto fragen hast wol ik it graach witte, want nije skriuwers binne altiten wolkom en dy helpe wy graach op wei. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 15 okt 2014, 23.06 (CEST)Beäntwurdzje

Reäksje op e-post bewurkje seksje

Bêste Sjoerdco,

Ik haw jo e-boadskip lêzen. Jo hawwe yndie in soad boarnen rieplachte! Der sitte wol tige âlde en efterhelle boarnen tusken. Spitich dat se net spesifisearre binne, oars hie it bewurkjen en hifkjen fan jo tekst in stik ienfâldiger west. Ik sil nochris besjen oft ik Skiednis fan de Friezen wat ensiklopedysker meitsje kin. At it jo net tefolle is soene jo sels ek referinsjes YN de tekst oanbringe kinne. Groetnis, Drewes (oerlis) 7 mrt 2015, 17.05 (CET)Beäntwurdzje

Berjocht 8 maart 2015 bewurkje seksje

Achte Sjoerdco,

Nei oerlis mei oare meidoggers (Ieneach fan'e Esk, Aldgilles, it kommintaar fan Kneppelfreed) haw ik jo bydragen oan Skiednis fan de Friezen wiske en it stik weromset nei de stobbeferzje fan Geoffrey. Mei tsjinsin. It hie lykwols in hûd fol wurk west om de stikken dy't doge, sûnder de boarnen ta ús foldwaan, stean te litten as ûnder te bringen yn in oar artikel, sa as Skiednis fan Fryslân en Skiednis fan Ljouwert, Fryske fjildslaggen ensafuorthinne.

Jo binne lykwols noch altyd tige wolkom op ús Wikipedy! Ik noegje jo út en doch mei, mar tink wol om de easken dy't in ensyklopedysk artikel no ienris freget. Groetnis, Drewes (oerlis) 9 mrt 2015, 22.54 (CET)Beäntwurdzje