Protestantske tsjerke fan Boarnburgum

De Protestantske tsjerke fan Boarnburgum is in tsjerkegebou fan de Protestantske Gemeente Boarnburgum-Koartehimmen.

Protestantske tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plak Boarnburgum
adres Westerbuorren 11
koördinaten 53° 4' N 6° 2' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige ûnbekend, mooglik Sint-Sebastianus
Arsjitektuer
boujier 1871
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33980
Webside
PKN Boarnburgum-Koartehimmen
Kaart
Protestantske tsjerke fan Boarnburgum (Fryslân)
Protestantske tsjerke fan Boarnburgum

Gemeente bewurkje seksje

De PKN-gemeente bestiet út de eardere herfoarme gemeenten fan Boarnburgum en Koartehimmen. Ek de De Wylgen, Smelle Ie en De Feanhoop falle binnen de grinzen fan de tsjerklike gemeente. It is yn 2004 net slagge om mei de grifformearden te kommen ta ien protestantsk-kristlike gemeente fan it doarp. De folle gruttere grifformearde gemeente fan Boarnburgum hat him nei de fúzje fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke en Grifformearde Tsjerken yn Nederlân oansletten by it doe oprjochte ferbân fan de Fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.

Skiednis tsjerkegebou bewurkje seksje

Boarnburgum ferlear de midsiuwske tsjerke fan dowestien nei't de sealtektoer op 5 desimber 1733 ynstoart wie. Op de âlde fûneminten waard yn 1734 in nije tsjerke boud. It tsjintwurdige gebou stamt út 1871 en is in sealtsjerke mei in trijesidich koer en in houten geveltoer.

Hokker patroanhillige de tsjerke foar reformaasje hie, is net mear bekend. Fanwegen it foarkommen fan de net sa wenstige namme Sebastiaan yn Boarnburgum kin dat neffens de histoarikus Otto Derk Jan Roemeling Sint-Sebastianus west ha.[1]

Ynrjochting bewurkje seksje

De preekstoel is 17e-iuwsk.

Oargel bewurkje seksje

It oargel waard yn 1925 boud troch de firma Bakker & Timmenga yn Ljouwert. By de bou fan it oargel binne ûnderdielen brûkt fan it 18e-iuwske Hinsz-ynstrumint fan Seisbierrum.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Otto Derk Jan Roemeling, Heiligen en Heren, side 48