Siebold Jan Hartkamp (Alfen oan de Ryn, 8 novimber 1938) is in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter it CDA.

Syn heit, Jan Hartkamp, wie dûmny yn ûnder oaren Alfen oan de Ryn en Den Helder. Siebold Hartkamp studearre yn 1965 ôf yn de rjochten oan de Frije Universiteit Amsterdam, wêrnei't er yn tsjinst gie as juridysk meiwurker op it ministearje fan Definsje yn De Haach. Dêrnei wurke er op it kabinet fan de Kommissaris fan de Keninginne yn Noard-Brabân en brocht it ta referendaris twadde klasse. Yn dy perioade wie hy ek polityk aktyf, sa wie hy yn de gemeente De Bosk gemeenteriedslid wêrby't hy diel útmakke fan de ARP/CHU-fraksje. Yn oktober 1971 folge syn beneaming ta boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Hartkamp bleau dit ek nei de gemeentlike weryndieling fan 1984 doe't ûnder oaren de gemeente Frjentsjer derby kaam. Yn 1993 waard hy boargemaster fan Snits wat hy oant syn pinsjonearring yn novimber 2003 dwaan bliuwen soe.

De Stichting Siebold Hartkamp hat as doel om de arsjitektuer yn Snits te stypjen en hat dêrom de saneamde "lytse boupriis fan Snits" ynsteld.