Wobbema State (Driezum)

stins/state by Driezum, gemeente Dantumadiel

Wobbema State (oare nammen: Wobba gued, Wobme weyde en Wobbema, Wobbema staede, in de Weyde) wie in stins/state by Driezum, gemeente Dantumadiel. Wobbema waard foar it earst yn de 15e iuw neamd.

Skiednis bewurkje seksje

Wobbema en Halbada wiene oarspronklik ien gehiel, wat oant yn de 16e iuw duorre. Yn 1404 wurdt Feya Halbada as eigener neamd. Hy besegele yn dat jier as tsjûge in oarkonde oer Bauwerda stins yn Holwert. Tsjin de ein fan de 15e iuw is it goed yn besit fan Wobbe Gerlofs Gherlfsma alias Wobbema. Hy hie Wobbema en Halbada urven fan syn mem, dy't noch Halbada hiet. Yn 1474 wurdt Wobbe troch de Fetkeapers finzen set op de Grovestins yn Ingelum. Troch ruiljen komt er wer frij en dêrnei komt er oant 1492 yn de argiven foar.

Yn 1505 wie syn soan Syds Wobbes eigener. Hy stjert sûnder bern foar 1540 en syn besittingen ferervje dan op de bern fan syn healbroer Wybren Roorda fan Genum. Dy bern wennen sels net op Wobbema en Halbada, mar ferhiere de states.
Syds Tjaerda út Rinsumageast blykt yn 1540 foar in part eigener west te hawwen. Yn syn testamint út dat jier wurdt Wobbema neamd: welcke twe goeden voertyts een sate is gewest ende doe ter tyt genoemt worde "Halbaede" ende fan [... ] sommige Wobme, ende daeraf so wortet een goed genoemt 'in Wobme weyde'. Wobbema wurdt yn de rin fan de 16e iuw in pachtguod, wylst der dan al lang net mear fan in stins praat wurdt.

Tsjintwurdich leit de pleats Wobbema leit njonken de pleats Halbada.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009