De Folgeren is in buorskip benoarden Drachten yn de gemeente Smellingerlân. It 'sintrum' fan de buorkip is de krusing fan de Folgeren mei de Folgeraleane en de Kletsterleane dêr't fanâlds ek Vreewijk stiet. Eastlik fan de buorskip leit wenwyk De Folgeren. Fierders wurdt de buorskip omjûn troch de wenwiken Fennepark, Burmania en Vrijburch (noch yn ûntwikkeling). De Folgeraleane rint fan de buorskip oer in sânrêch nei de grins mei Grinslân.

De Folgeren, it 'Frijsteatmomumint' en Vreewijk op de eftergrûn
Strjitbyld De Folgeren
Appartemintekompleks Vreewijk

Skiednis bewurkje seksje

Namme bewurkje seksje

De namme De Folgeren, ek wol Folgelen, komt al yn de 16e iuw yn stikken foar. It betsjut soksawat as ‘lân dat folget op stikken lân oan in wetter of in wei’. Doe wie it noch in heechfeangebiet, letter meast lân fan mindere kwaliteit. It oanswettend lân under De Pein waard ek Folgeren neamd.

Vreewijk bewurkje seksje

Vreewijk is yn 1855 as bûtenhûs troch Lambertus Dorhout boud. De tún waard yn de Ingelske lânskipsstyl oanlein troch túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard. (Fan it oarspronklik ûntwerp is neat mear oer). Yn de 20e iuw wie de filla it langste skoft in yn de fiere omkriten bekend hotel, konferinsje-, dûns, en troulokaasje. It âlde Vreewijk is ôfbrutsen. Yn 2008 waard it nije Vreewijk iepene, in appartemintekompleks, oplutsen yn de styl fan it âlde gebou.

Tram bewurkje seksje

De tramlinen út Grins (de lettere Philipsline) en Burgum wei kamen eartiids byelkoar yn De Folgeren, dêr't ek de lêste halte foar Drachten wie. De eardere spoarwei-oergong is no yn it plaveisel fan de dyk oanjûn en der binne fjouwer sabeare spoarbeammen neist de oergong set.

Frijsteat Folgeren bewurkje seksje

Yn 1963 fregen in tal bewenners mear omtinken en selsstannigens foar harren plak fan de gemeente Smellingerlân troch in ludike aksje: it útroppen fan de ‘Frijsteat Folgeren’. Folle letter kaam der in selsmakke monumint yn de foarm fan twa FF-en, dat in plakje krigen hat op de rotonde fan no (sjoch foto). Elts jier freget de âldjiersploech 'Frijsteat Folgeren' mei in opfallende âldjiersstunt, dy’t meast ferwiist en kommintaar jout op de lokale polityk en dy’t altyd omtinken kriget yn de pleatslike media, fannijs omtinken foar de buorskip. Sa hawwe der alris in wiere ‘sweeftrein’ en in ‘Starfighter’ yn de tún fan Vreewijk stien. Yn 2007 waard "It byld fan in swimmende walfisk" fan Anne Woudwijk by de pier fan Holwert wei ûntfierd nei De Folgeren.

Oer de Folgersters bewurkje seksje

  • Douwe de Graaf, Folgeren, mensen door de tijd. Utjouwerij Elikser, Ljouwert 2010.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Frysk Deiblêd, 15 novimber 2008
  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997.
 
Wiken en buerten yn Drachten
 
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
wizigje
 
Smellingerlân
 
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaBoarnburgumDrachtenDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen:
BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren
wizigje