Sânhuzen (Weststellingwerf)

Sânhuzen (Stellingwerfsk): Zaandhuzen) is in lyts iesdoarp yn de gemeente Weststellingwerf. It doarp leit ten noarden fan Noardwâlde oan de N353 nei Aldeberkeap. Under Sânhûzen falt ek de buorskip it Reade Doarp.

Sânhuzen (Weststellingwerf)
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 345 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 7,92 km², wêrfan:
- lân: 7,89 km²
- wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 42 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8489
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' N 6° 9' E
Lokaasje Sânhuzen (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Sânhuzen (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side Sânhuzen
Kaart
Sânhuzen (Fryslân)
Sânhuzen

Sânhuzen hat 345 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Skiednis bewurkje seksje

Mei de buorskippen Rysberkampen en Boekelte is Sânhuzen ien fan de iesdoarpen fan de gemeente Weststellingwerf. Oant 1989 wie Sânhuzen in buorskip fan Noardwâlde en it hjoeddeiske doarp is it plak dêr't Noardwâlde ea ûntstien is.

Yn 1920 fûnen ûndersikers by de tarieding fan de bougrûn foar sosjale wenningbou fan it streekje Reade Doarp it plak, dêr't de earste tsjerke fan Noardwâlde stien hat, in sealtsjerkje fan dowestien mei in healrûn koer mei dêromhinne in troch in grêft omfieme hôf mei in soad grêven. Dêrmei heart it tsjintwurdige Sânhuzen ta de âldste delsettings fan de gemeente. De tsjerke waard letter, mooglik tsjin it ein fan 'e 14e iuw, op in súdliker plak op 'e nij boud. De reden dêrfan is net bekend.[3]

Yn in dokumint fan 1422 dy't ferbân hâldt mei it Klaarkampster kleaster waard skreaun dat Douwe Onnema hôfmaster yn 'Sandhuse' is. Mooglik dat de Klaarkampsers muontsen dêr in úthôf hiene foar de feanterij fan it kleaster.[4]

Oan de noardeastlike grins fan 'e himrik leit de Bekhoftille. Dat wie it plak dêr't oer De Linde in ferbining fan Fryslân (oer Boyl, Boekelte en Aldeberkeap) mei Drinte lei. Yn de 17e iuw wie dêr in lytse skâns tsjin de troepen fan de biskop fan Munster, de romrofte Bommen Bearend. De Bekhofskâns is in natoergebiet fan it Fryske Gea en de skâns is yn 2007 wer sichtber makke.

Mienskip bewurkje seksje

De feriening Pleatslik Belang Sânhuzen-de Meente waard yn 1919 oprjochte.

Skoalle bewurkje seksje

Sânhuzen krige yn 1918 in eigen iepenbiere basisskoalle, dy't yn 2006 sletten waard.

Ferienings bewurkje seksje

Eveneminten bewurkje seksje

Gea bewurkje seksje

 
Bekhofdobbe

Yn it doarpsgebiet lizze de natoergebieten it Sânhûster Fjild, dêr't de lêste Fryske populaasje fan it Gintsiaanblaujurkje libbe(t), en de Meentebosken, beide fan Steatsboskbehear. Yn de noardeastlike hoeke fan 'e himrik is by in djip sânwinningsgat bosk oanplante dat ek troch Steatsboskbehear beheard wurdt. Nearne oars yn de gemeente Weststellingwerf bloeit yn 'e maitiid op sa'n soad plakken yn 'e bermen fan de himrik de boskanemoan.

Strjitten bewurkje seksje

Aldeberkeaperwei, Bekhofwei, Frijheidswei, Ikenwei, It Reade Doarp, Liemwei, Meuleveldwei, Sânhuzerwei, Skâns, Skieppedrift.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Weststellingwerf
 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje