It Machtige Heapke
It Machtige Heapke (Russysk: Могучая Кучка, Mogoetsjaja koetsjka) ek wol De Fiif en It machtige Hanfol wie in selskip fan fiif wichtige Russyske komponisten om 1870 hinne:
-
Mili Balakirev (1837-1910), inisjatyfnimmer
-
Aleksander Borodin (1833-1887)
-
César Cui (1835-1918)
-
Modest Moessorgski (1839-1881)
-
Nikolaj Rimski-Korsakov (1844-1908)
Dizze komponisten krewearren foar nasjonalistyske muzyk, dêr't Michail Glinka de grûnlizzer fan neamd wurde kin, en wiene dêrby fral oriïntalistysk oriïntearre. Oriïntalisme waard yn it Westen feitlik it meast bekende aspekt fan de Russyske muzyk en waard beskôge as in priuwke fan it Russysk nasjonaal karakter. Oant dan ta wie alle klassike muzyk yn Ruslân 'ymport' út fral Dútslân en Itaalje.
Utsein Balakirev, dy't noch wat muzikaal ûnderrjochte wie, hie net ien fan dizze komponisten in muzikale eftergrûn; Cui, Moessorgski en Rimski-Korsakov wienen militêren en Borodin wie gemikus. Hja setten útein mei selsûnderrjocht; dit hold yn dat 'wy al it wurk fan de grutte komponisten trochspilen en elts stik wat technyk en kreativiteit oangie bekritisearren en analysearren.' (C.A. Cui, Izbrannje stat'i).
De komponisten rjochten harren benammen op de Russyske folksmuzyk, dy't gaadlik wie út reden fan har tagonklikens (it selskip hie ommers mar in bytsje muzikale kennis) en troch it feit dat it tige oansleat by it nasjonalistysk tinken. Vooral Balakirev ferwurke in protte melodieën fan folkssankjes yn syn wurk.
De nuveraardige namme fan de groep ûntstie sa: yn 1867 wie der in konsert ûnder lieding fan Balakirev. In Vladimir Stassov brûkte de folgjende wurden yn syn resinsje:
"God jout, dat ús Slavyske gasten dit konsert noait ferjitte. Mei God jaan, dat hja foar altyd ûnthâlde, hoefolle poëzij, gefoel, talint en fakmanskip it lytse, mar machtige heapke fan Russyske komponisten ta harren foldwaan hat.
Dat de namme It Machtige Heapke is fan de muzykresinsist Stassov.