George Johan Arnold Offerhaus

George Johan Arnold Offerhaus (Easterwierrum, 20 desimber 1873 - Earnewâld, 12 maaie 1936) wie in teolooch.

Offerhaus kaam út in Frysk predikante- en profesoarelaach. Hy wie predikant yn Earnewâld fan 1908 oant 1938, opfolger fan Jacob Folpmers. Hy wie troud mei Gezina Werner (1872-1952).

De tige frijsinnige Offerhaus bemuoide him neist de sielsoarch ek mei de lichaamlike sûnens fan de Earnewâldsters. Op dat mêd moete er noch in soad byleauwe en der wienen yn dy tiid net folle artsen op it plattelân.
Offerhaus krewearre foar wetterskipsbelangen, hielûnthâlding, steatspensjoen, fredesbweging, jeugdherbergen en frijsinnich-godstsjinstige militêre tehuzen. Hy wie teffens fegetaarjer.

Yn Earnewâld is in strjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Offerhaus, G J A..

  • K.R. Henstra,M. Eversen, Duivelbanners en wonderdokters in de Wouden s. 139.