Lesij fan Syrakuse

De hillige Lesij fan Syrakuse (283-304) is in martler, dy't yn ferskate kristlike streamings as hillige fereare wurdt. Lesij (in ôfsliten foarm fan Lusia fia de tuskenfoarm Lusij) is de goede Fryske namme fan Sint-Lusia fan Syrakuse.[1]

Lesij fan Syrakuse
   hillige
Byld fan Sint-Lusia yn in tsjerke te Boston
Byld fan Sint-Lusia yn in tsjerke te Boston
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 283
berteplak Syrakuse
stjerdatum 304
stjerplak Syrakuse
hillichferklearring
hjeldei 13 desimber
hillichdom San Geremia, Feneesje
Saint Vincent, Metz
attributen skaal mei eagen
patroan fan Mantua, Syrakuse en Feneesje
û.o. blinen en optisiens

Lesij is in histoarysk persoan, dy't fan 283 oant 304 libbe hat yn Syrakuse. Bewiis dêrfoar is it yn 1894 ûntdutsen grêfskrift yn de katakomben fan Syrakuse yn Itaalje. Hja waard al ier fereare.

Yn it protestantske Sweden wurdt alle jierren op har nammedei de Luciatåg fiert. Ek yn oare Skandinavyske lannen en dêrbûten is it feest yntrodusearre.

Neffens in 5e-iuwske leginde hie har mem Eutychia al fjouwer jier lêst fan dysentery. Dêrom hienen Lesij en har mem Sinte-Agata oanroppen om foarspraak. Har mem waard sa genêzen en út tankberens woe Lesij dêrom har breidsskat fuortjaan ûnder de earme lju. Hja waard lykwols foar dy kristlike deugd feroardiele en úteinlik troch in swurdstek yn de kiel deade. Hja stoar lykwols earst neidat in pryster har in hosty oerlange hie.[2] Yn de ikonografy wurdt Lesij faak ôfbylde mei in swurd troch de hals, dy't ferwiist nei dit ferhaal.

In lettere leginde wol hawwe dat hja in heidenske frijer hie, dy't har o sa lije mocht om har eagen. Lesij woe lykwols breid fan Kristus wurde en net trouwe. Om dat dúdlik te meitsen stuts hja harsels de eagen út, dy't har frijer krije koene. Lykwols koe hja dochs noch sjen. Dêrom waard Lesij patroanhillige foar de blinen.

Ek bestiet der in leginde dat by in grutte hongersneed yn Syrakuse de minsken Sint-Lesij op har dei oanrôpen en twa skippen fol mei nôt oankamen. Oan it roer fan ien fan de skippen stie de yn it wyt klaaide Lesij mei in aureoal fan kearsen op har holle.[3].

Reliken en ferearing

bewurkje seksje
 
De skryn fan de hillige yn de Lesijkapel fan de San Geremia fan Feneesje
 
It byld fan Lesij dat yn Syrakuse meidroegen wurdt yn in prosesje

Oarspronklik waard Sint-Lesij yn Serakuse begroeven. De reliken binne letter nei in oar plak brocht. Neffens de 11e-iuwske skriuwer Sigebert fan Gembloux soene de reliken yn de Saint Vincent fan Metz telâne kommen wêze, wylst in earm nei Spiers brocht waard. Fanút Metz fersprate de ferearing fan Lesij oer de rest fan Europa. In oar ferhaal wol ha dat de reliken ferhûzen fanwegen de driging fan Sarasenen en dat de reliken oer Konstantinopel lang om let troch krúsfarders yn 1204 nei Feneesje brochten. Dêr leine de reliken yn de tsjerke fan it eilân San Giorgio Maggiore en sûnt 1313 yn de Santa-Lúcia. Doe't dy tsjerke yn de 19e iuw ôfbrutsen waard, ferhûzen de reliken nei de hjoeddeiske lokaasje San Geremia. De paus liet yn 1935 in sulveren deademasker meitsje foar Sint-Lesij.

Oer de katakomben dêr't de hillige begroeven waard yn Serakusa de basilyk Santa Lucia al Sepolcro boud. Serakusa besiet lang allinne in finger fan de hillige en sûnt 1987 in diel fan in earm. De stêd besiket al in skoft de reliken werom te krijen.

Patroanhillige

bewurkje seksje

Sint-Lesij is de beskermhillige fan blinen, eachartsen en optisiens. Fierder is hja patroanhillige fan gleskers en glêsblazers en in grut tal oare beroppen. Lesij wurdt oanroppen by eachkwalen en fanwegen it swurd yn har hals ek pine yn 'e kiel.

Hja is as hillige te werkennen oan de skaal mei eagen dy't hja draacht en it swurd troch har hals.

De feestdei fan Sint-Lesij falt op 13 desimber.

Folkstradysjes

bewurkje seksje
 
Lúsiafeest yn in Sweedske tsjerke

Yn Sweden wurdt Luciatåg of har feestdei 12 desimber fierd. De âldste dochter bringt dan as in sabeare Lesij yn wite klean mei in ljochtkrâns op de holle harren heit en mem en broerkes en/of suskes it moarnsbrea op bêd. Yn doarpen, stêden, op skoallen en hegeskoallen wurdt op de jûn tefoarren in saneamde Lúsiabreid keazen.

It is yn Sweden in relatyf jong feest dat ynearsten sûnt de 18e iuw yn Västergötland en pas tsjin it ein fan de 19e iuw yn hiel it lân fierd wurdt. Fanút Sweden wreide it feest him út nei oare Skandinavyske lannen. Ut Skandinaavje wei wurdt ek op oare plakken it feest populêr.

Yn it noarden fan Itaalje bestiet de tradysje dat Sint-Lesij nachts op in ezel by de doarren lâns giet en foar de bern snobbersguod bringt. Lykas Nederlânske bern by it skoechopsetten mei Sinteklaas in woartel of wat hea foar it hynder klear lizze, lizze Italjaanske bern dan ek foar de ezel wat del. Bern wurdt wiis makke dat hja sliepe moatte, want as hja Lesij sjogge kin dy har jiske yn 'e eagen struie, sadat se net mear sjen kinne.[4]

Fanwegen de oerienkomsten mei it Sinteklazefeest is it goed mooglik dat it feest fan Lesij eartiids ek by ús fierd waard. Tsjintwurdich (2022) wurde der yn Fryslân op de dei fan Sint-Lesij op ferskate plakken wer ljochtfeesten organisearre, dy't in soad publyk lûke, al wurdt der te uzes licht al in wat oare ynfolling oan jûn.[5]

De grutte stoarm fan 1287, dy't yn de nacht fan 13 op 14 desimber wie, is neamd nei dizze hillige; de Sint-Lusiafloed.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: