De hillige Agata fan Sisylje (* ± 225 yn Katania op Sisylje; † ± 250 yn Katania) wurdt yn de Roomsk Katolike Tsjerke as martelder fereare. Hja ferstoar nei alle gedachten tusken 249 en 251 yn in tiid doe't keizer Decius de kristenen ferfolge. Somtiden wurdt Agata ôfbylde mei in skaal dêr't har boarsten op lizze, dy't har by de tamtaasje ôfsnien waarden. As attribút draacht se ek fakentiden in palmtûke, symboal fan it martlerskip. Se is ien fan de meast bekende hilligen yn Jeropa en har namme stiet op de âldste katolike list fan hilligen. De oarspronklik as roomske tsjerke boude en tsjintwurdich protestanske Sint-Agatatsjerke fan Aldegea is ferneamd nei de hillige.

Sint Agata (detail) neffens Giovanni Lanfranco
 
Petrus en in ingel komme by Agata om har wûnen te fersoargjen (Alessandro Turchi)

Neffens de oerlevering waard Agata as dochter fan rike âlders berne. Om't Agata oan God opdroegen waard en ûnthjitten hie jongfaam te bliuwen, wiisde hja in houliksfersyk fan de heidenske Quintinianus, steedhâlder fan Sisylje, ôf. Ek nei't de steedhâlder har in skoft yn in bordeel opsletten hie bleau hja by har wegering en dêrom liet de steedhâlder har tamtearje en de boarsten ôfsnije. Neffens it ferhaal besochten dy nachts de hillige Petrus mei in ingel de jongfaam yn har sel om har de wûnen te fersoargjen. Doe't dat ûntdutsen waard joech de steedhâlder opdracht om Agata oer gleone koallen en skerven te slepen oant hja oan har ferwûnings ferstoar.

In jier nei har dea briek op har feestdei de fulkaan Etna út. Mei de wale fan Agata teagen de bewenners fan Katania de lavastream yn 'e mjitte, dy't doe fuort ynienen stoppe.

Agata leit yn de dom fan Katania begroeven en is patroanhillige fan de stêd Katania, fan de Maltezers, fan earmen en hoeders, fan klokkejitters en wurkfolk yn de heechovens, wevers, goudsmeden en lokaal ek beskermhillige fan de brânwar. Hja wurdt oanroppen by ierdskoddings, in útbraak fan de Etna, brân, by boarstsyktes, kanker en by feesyktes.

In Maltezer oerlevering wol ha dat Agata earst noch flechte nei Malta, dêr't se har in skoftke yn de omkriten fan Rabat yn de katakomben skûl hold. Dy katakomben hjitte tsjintwurdich de Agata-katakomben.

Feestdei en tradysje

bewurkje seksje
 
Plasse fan Sint-Agata

De ferearing fan Agata wreide him om likernôch 500 út. Sawol yn de Katolike as yn de Otterdokske Tsjerke wurdt har feestdei op 5 febrewaris holden. Yn de dom fan Catania wurdt, tegearre mei oare reliken lykas ien fan har boarsten, de wale fan Agate bewarre. It grutste oerbliuwsel fan har bonkerak leit yn it Kleaster Kamp, krekt oer de Nederlânske grins yn Dútslân, dêr't har plasse bewarre wurdt.

Op guon plakken waard op de feestdei fan de hillige it saneamde Agata-brea segene. Ek waarden eartiids segene Agatabriefkes útdield, briefkes mei in ôfbyld fan de hillige mei in hieljende tekst.

Koartswilich wurdt Agata fan Katania ek wol de beskermhillige fan Catan neamd, it sabeare eilân fan Klaus Teuber's populêre buordspul De kolonisten fan Catan. Agata waard yn in útwreiding fan it spul yn 2006 betocht mei in kaart fan in oan har wijde kapel.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Agatha von Catania