Aldegea (Smellingerlân)

Aldegea is ien fan de 13 doarpen yn de gemeente Smellingerlân.

Aldegea (Smellingerlân)
Map NL Smellingerlân Aldegea.png Doarpsgebiet fan Aldegea yn de gemeente Smellingerlân
Flagge Wapen
Aldegea (Smellingerlân) vlag.svg Aldegea (Smellingerlân) wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 1.675 (2021) [1]
Oerflak Oerflak = 21 km², wêrfan:
lân: 19,04 km²
wetter: 1,97 km²
Befolkingstichtens 88 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Smallingerland flag.svg Smellingerlân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 07' N 6° 00' E
Webside Side fan Aldegea-S.

SkiednisBewurkje

Aldegea is in doarp út de midsiuwen op in krusing fan wegen, dat boppedat oer it wetter te berikken wie. Yn de 17e en 18e iuw wie Aldegea it haadplak fan de gemeente Smellingerlân. 'It Rjochthús' oan de buorren komt út dy tiid. It is boud yn 1738 nei't it âlde rjochthús opbaarnde ûnder in grutte brân yn it doarp.

 
Grut Haersma State

De famylje Fan Haersma spile in grutte rol yn de skiednis fan Aldegea, dy't op Haersma State east fan de Herfoarme Tsjerke wenne. Yn 1646 kocht Alle fan Haersma in stik grûn by Aldegea fan de Steaten fan Fryslân, dy't dat yn 1580 krigen hie doe't alle it kleasterbesit oan de Steaten foel. It wie oarspronklik fan it kleaster fan Smelle Ie.

Syn soan Aulus fan Haersma (1611-1669) hat Grut Haersmastate boud, de state hat oant it lêst ta famyljebesit west. Mei Hector Livius Haersma fan Vierssen, ek grytman fan Smellingerlân yn 1839, stoar de famyljeline fan Haersma út. De grûn waard yn parten ferkocht en Great Haersma waard sloopt.

Op de grins fan Aldegea/Nijegea leit oan de súdkant fan de Hege Dyk in swerfstien mei de namme Blauwe stien. De gletsjerkrassen waarden earder ferklearre as swurdhouwen fan de Munsterske soldaten tusken 1672-1674 (sjoch ek: Biskopsgrêven).

GebouwenBewurkje

 
PKN-tsjerke Sint-Agatha (eardere herfoarme tsjerke)

  • De oarspronklik oan Sint-Agatha wijde doarpstsjerke datearret út 1200 en waard yn 1975 restaurearre. De tsjerke is mitsele fan dowestien en besit brânskildere ramen en wapenboerden. Yn de toer hinget nei alle gedachten de âldste liedklok fan Nederlân, getten yn ± 1200. De klok weget 760 kg en hat in trochsnit fan 99 sm.[2]
  • Rechthuys (Aldegea) mei gevelbyld fan Frouwe Justitia.
  • Ten súdwesten fan it doarp stean twa Amerikaanske wynmotors, de Wynmotor Barfjild en de Wynmotor Aldegea. Fan de nôtmûne 'De Hoop' noardeastlik fan it doarp is de ûnderbou noch oanwêzich. Doe't dy nôtmûne boud waard stie tichteby dy mûne ien fan de lêste Fryske standermûnen. Yn 1922 waard De Hoop foar in part ôfbrutsen en sûnt is allinne de ûnderbou noch oanwêzich.

MolkfabrykBewurkje

 
Alde haven

Eartiids brochten en hellen skippers minsken en fracht nei en fan Ljouwert en Snits. Yn 1900 krige Aldegea in suvelfabryk, en krige de haven in nije funksje, de suvel moast oan- en ôffierd wurde. Yn 1966 sleat it fabryk en wie der net folle drokte mear yn de haven. Nammerste mear omdat hast alle ferkear dêrnei oer de wei gie. De grifformearde tsjerke hat it molkfabryk doe kocht en noch in skoft brûkt foar aktiviteiten, mar nei 't de tsjerke in oar gebou kocht slagge it net mear om de begrutting slutend te krijen. In plan om it fabryk te ferbouwen yn wentes gyng net troch en lang om let hat de gemeente Smellingerlân it gebou kocht en yn 2020 opdracht jûn om it ôf te brekken.[3]

Haven, rekréaasjegebiet en nije marBewurkje

 
Untwikkeling rekréaasjegebiet (2022)

Yn de jierren 1970 waard by de âlde haven in rekréaasjehaven oanlein, dy't yn 2003 útdjippe waard.

Om Aldegea oantrekliker te meitsjen foar it toerisme wurdt yn it ramt fan 'Wetterfront Aldega' súdlik fan it doarp in rekréaasjegebiet oanlein. De haven wurdt grutter makke en der komt in strân mei in wettergebiet. Ek sille der nije wentes boud wurde.

 
It Rjochtshûs

As ûnderdiel fan 'Aldegea oan it Wetter' wurdt der ein 2022 súdliker fan it rekréaasjegebiet útein set mei de oanlis fan in grutte mar mei seis eilannen.[4][5]

MienskipBewurkje

De doarpskrante hjit 'De Bakbrogge', de skelnamme fan Aldegeasters. De bewenners krigen de skelnamme troch in boer dy't rjochting Earnewâld in stik lân hie. It wie net mear as ûnlân dêr't er neat mei die, mar de bakker fan it doarp hie wat jild oer en wol nocht oan dy grûn. Hy mocht it oernimme ûnder betingst dat de bakker alle wiken de boer in roggebrea en in pak bakken levere, sadat er alle dagen bakbrogge ite koe.

TsjerkenBewurkje

 
PKN-tsjerke It Ljochtbeaken (eardere grifformearde tsjerke)

SkoalleBewurkje

  • Prot.-kristlike gearwurkingsskoalle De Diamant.[6]

FerieningsBewurkje

 
Eardere nôtmûne 'De Hoop'

IepenloftspullenBewurkje

De toanielferiening Op 'e Nij Bigoun fan Aldegea hat yn 1997, by it fyftichjierrich bestean, in iepenloftspul opfierd oer de grytman fan Smellingerlân Livius fan Haersma, mei de titel 'Livius'. Tsien jier letter folge in twadde iepenloftspul 'Hector' oer syn styfsoan Hector Livius fan Haersma (1737-1820) en yn 2019 'De Riedselman fan Aldegea'.

BefolkingsferrinBewurkje

 
Alddjip en Gealânswei
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009 2014 2022
Ynwenners 1.588 1.505 1.469 1.409 1.405 1.690 1.734 1.675 1.675

Strjitten yn AldegeaBewurkje

Alle strjitten yn Aldegea (Smellingerlân).

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. In toren van Oudega hangt Neerlands oudste klok, sitaat Rainer Schutte fan it Nationaal Beiaardmuseum, Asten en saakkundige Jaap Pompstra út Beerta. Ljouwerter Krante 14 maaie 2011.
  3. https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/998840/sloophamer-gaat-in-zuivelfabriek-oudega-sm-dorpshistorie-gaat-verloren Omrop Fryslân 3 oktober 2020
  4. Doarpsside, oproppen 10 july 2022
  5. Ljouwerter Krante, 24 augustus 2021
  6. Side De Diamant
 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren