Drachtster Kompenije

Drachtster Kompenije is in doarp yn de gemeente Smellingerlân, noardeast fan Drachten. It doarp hat 1.660 ynwenners (2021). Under it doapr falle ek de buorskippen Luchtenfjild, Puntpeal en in part fan De Skieding.

Drachtster Kompenije
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Emblemen
Flagge fan Drachtster Kompenije.gif               Drachtster Kompenije wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 1.660 (2021)[1]
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Smallingerland flag.svg Smellingerlân
Oar
Postkoade 9223
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 8′ NB, 6° 8′ EL
Offisjele webside
www.drachtstercompagnie.info
Kaart
Drachtster Kompenije (Fryslân)
Drachtster Kompenije
Lizzing fan Drachtster Kompenije yn Fryslân
Kaart
Klokkestoel op it plak fan de eardere herfoarme tsjerke
Himrik fan Drachtster Kompenije yn de gemeente Smellingerlân
Pleats en went yn Drachster Kompenije
De NH-tsjerke yn 1966

SkiednisBewurkje

Kompenije ferwiist nei de Keulske magnaten, dy't om 1570 it fean tuske De Like en Drachten kochten, en dy "compagniesvenen" mei de Grinslanner famylje Ewsum as fennoaten ûngûne foar de turfwinning.[2] Yn de notariele oprjochtingsakte fan 1772 wurdt foar it earst skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. Oan de lange rjochte stikken lân, de protte wiken en de elzesingels falt de skiednis fan de ferfeanting noch ôf te lêzen. It graven fan turf barde tusken de 17e iuw oant midden 19e iuw. Dêrnei waard de grûn ta greidlân makke. Yn it earste helt fan de 19e iuw ûntstie stadichoan in buorren. Yn 1834 waard de earste iepenbiere skoalle boud dy't yn 1898 ferfongen waard troch yn nijenien mei fjouwer 4 lokalen. Yn 1850 krige de Nederlânsk-Herfoarme gemeente in eigen tsjerke. Dy baarnde yn 1979 ôf, mar waard doe al net meer as tsjerke brûkt. Yn 1909 kaam yn it doarp de earste boereleenbank fan Opsterlân.
Yn 1913 kaam De Kompenije oan de trambaan nei Grins te lizzen.

Wapen en flaggeBewurkje

De noardeast/súdwest rinnende wiken fan De Kompenije wurde foarsteld troch de sulveren skeanbalke op in blauwe ûndergrûn. Op de skeanbalke steane trije reade turven as symboal fan de turfgraverij. Oan de smidwei yn it doarp stiet in monumint mei trije turven. De turf dy't hjir stutsen waard wie de saneamde lange turf en wie brún fan kleur. Omdat neffens wapendeskundigen brún gjin winske kleur is en read dêr tichtby leit, hawwe de turven dizze kleur krigen. Boppedat symbolisearret de reade kleur de heechfeanheide.
De gearwurking yn it ferline as kompanjons om it heechfean ôf te graven en de lettere gearwurking fan boeren yn koöperaasjes (it koöperative bûterfabry dy't yn it doarp stie ) wurdt sinnebyldich foarsteld troch de frijkertier fan read en goud, lofts skean dield troch in saneamde klaversneed. De klaver is in de Fryske heraldyk it symboal foar greidebesit en de dêroan ferbûne feehâlderij. It goud/giel stelt de sângrûn foar en it read de heide dy't wyls ferdwûn is. By spesifike doarpsaktiviteiten wurdt de Kompenijster flagge útstutsen.

MienskipBewurkje

It doarp hat sûnt 1933 in feriening foar Pleatslik Belang dy't ek in takomstfisy nei it jier 2010 opsteld hat. Se komme by inoar yn It gebouke, dêr't ek pjutteplak it Krobbenêst yn sit. Der is ek in kommisje foar de Skoal- en Doarpsfeesten.

De Wyngert en De Skûle binne de beide, respektyflik, de kristlik-protestantske en iepenbiere basisskoallen. Yn de supermerk sit noch in stipepunt fan TPG.

FerieningenBewurkje

  • Troch Freonskip Sterk (TFS) - sport
  • Sealsport Feriening Kompenije (SFK) - sport
  • Mei Inoar Ien - toaniel
  • Blide Stimmen - sjongen
  • De Kompenije - blaaskapel
  • Ta jo tsjinst - doarpshelp

BefolkingBewurkje

StrjittenBewurkje

Alle strjitten yn Drachtster Kompenije.

FerskaatBewurkje

Berne yn Drachtster KompenijeBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk
  2. Dr. M. Hartgerink-Koomans: Het Geslacht Ewsum, Groningen 1938.
 
Plakken yn de gemeente Smellingerlân
 
Haadplak: Drachten
Doarpen en útbuorrens: AldegeaBoarnburgumDrachtster KompenijeDe FeanhoopGoaiïngahuzenDe HoutigehageKoartehimmenNyegeaDe PeinDe RottefalleSmelle IeDe TikeDe Wylgen
Buorskippen: BûtenstfallaatEibertsgeastenDe FolgerenGalhoekeDe GeastenDe KlettenDe KoaiLuchtenfjildMiddelbuorrenNoardereinNijtapOpperbuorrenPuntpealSânbuorrenSytebuorrenIt SúdSuderheideUteinWierren