De Like
(Trochferwiisd fan De Like (plak))
De Like[2][3] (Nederlânsk: Leek, Grinslânsk: Laik of De Lieke) is in plak yn de gemeente Westerkertier yn it súdwesten fan de provinsje Grinslân. Oant 1 jannewaris 2019 wie De Like it haadplak fan de gemeente mei deselde namme.
De Like Leek | ||
Lângoed Nienoard (2010) | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.970 (2023) [1] | |
Oerflak | 13,51 km² dêrfan lân: 13,31 km² dêrfan wetter: 0,2 km² | |
Befolkingsticht. | 886 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7, N372, N979 | |
Postkoade | 9351 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer it doarp yn Grinslân. Foar de eardere gemeente, sjoch: De Like (gemeente).
It doarp is ûntstien by de skâns dy't hjir yn de Tachtichjierrige oarloch oanlein waard. De namme is ûntliend oan it wetterke de Lek (of Like). Op Pinkstermoandei is der Pinkstermerke dy't al op freed begjint en in soad besikers út de fiere omkriten lûkt.
By it reedriden koe winterdeis in "likeblom" koft wurde: in twige mei in papieren blom as trofee fan it berikken fan De Like.
Gallery
bewurkje seksje-
Lykster Haaddjip (2020)
-
Damtsjerke (2011)
-
Aldamtster pleats oan 'e Tolberterstraat (2015)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|