Van Starkenborghkanaal

It Van Starkenborghkanaal is in kanaal yn de provinsje Grinslân dat it Prinses Margrietkanaal mei it Iemskanaal ferbynt.

Van Starkenborgkanaal
Spoarbrêge by Súdhorn oer it Van Starkenborghkanaal
It Van Starkenborghkanaal mei yn de fierte de nije Walfridusbrêge, spoarbrêge by de stêd Grins, nomd yn eastlike rjochting

Yn de jierren tritich fan de 20e iuw is it "grutte skipfeartkanaal fan 27 kilometer fan De Lemmer nei Grins" oanlein, it hjoeddeiske Prinses Margrietkanaal en it Van Starkenborghkanaal. It Van Starkenborghkanaal is fan Súdhorn oant de Oostersluis nij oanlein. It diel fan Fryske grins oant Súdhorn is it ferbrede Hoendjip.

Yn novimber 1938 is it kanaal offisjeel yngebrûk steld troch keninginne Wilhelmina. Ta gelegenheid hjirfan is in plakette oanbrocht op ien fan de brêgen by de Oostersluis. It kanaal is neamd nei de (âld) Kommissaris fan de Keninginne Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer.

It Van Starkenborghkanaal is 27 km lang en hat twa slûzen. Op de wetterskieding fan it Frysk Simmerpeil en it Elektrapeil leit de slûs fan Gaarkeuken, ter hichte fan Grijpskerk. Op de grins fan it Elektrapeil en it peil fan it Iemskanaal (it Wynskoaterpeil) leit de Oostersluis yn de stêd Grins.

Oan it Van Starkenborghkanaal lizzze: Strobos, Gryptsjerk, Súdhorn, Noardhorn, Aduard en Grins.