Frysk Simmerpeil
It Frysk Simmerpeil (ôfkoarte FSP) is in nivo- of referinsjeflak dêr't wetterhichten (yn Fryslân) mei fergelike wurde kinne. It peil is gelyk oan it NAP - 66 cm.
Dit is oars as it streefpeil foar de Fryske boezem. Dit is in ôfsprutsen nei te stribjen wetterstân. Dizze ôfspraak is fêstlein yn it peilbeslút foar de Fryske boezem. It streefpeil fan de Fryske boezem is NAP -0,52 m yn it hiele jier.