Rykswei 7
A7 | |
---|---|
Langte: | 230,2 km |
Kaart | |
De Rykswei 7, ek A7, is in autodyk (A7) en autowei (N7) fan Saandam oer de Ofslútdyk nei de Dútske grins. De Ryskwei A7 is, útsein it part tusken Saandam en it Knooppunt Saandam, ûnderdiel fan de E22. Mei likernôch 236 kilometer langte is de A7 de langste rykswei fan Nederlân. Yn syn hjoeddeistige foarm mei skate rydbanen oer it grutste part fan it trasee waard de A7 fierhinne oanlein yn 1975.
KnooppuntenBewurkje
De A7 begjint by it Knooppunt Saandam dêr't er fuortkomt út de N7 en oanslút op de A8. By Surch leit om ôfslach 15 hinne it Knooppunt Surch mei ferbining mei de A31 nei Harns en Ljouwert. By Snits slút de A7 oan op de N7 dy't dêr om de stêd hinne giet. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer. By De Jouwer, tusken ôfslach 23 en 25, leit it Knooppunt De Jouwer mei oansluting op de A6 nei Emmeloard. By It Hearrenfean leit tusken ôfslach 26 en 26a it Knooppunt It Hearrenfean, mei ferbining mei de A32, nei Ljouwert en Swol. By Grins slút de A7 op Knooppunt Julianaplein, mei ferbining mei de A28 en de N7. Oan de oare kant fan de stêd begjint de A7 wer by it Knooppunt Jeropaplein en giet dan fierder nei de grins.
OfslaggenBewurkje
Provinsje | Gemeente | km. | # | Namme | Diken | Bysûnderheden | |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Noard-Hollân | Saanstêd | 0 | Begjin op it Prins Bernhardplein yn Saandaam. | ||||
4 | Saandaam | Begjin | |||||
5 | Knooppunt Saandam | A8 | |||||
7 | 2 | Saandyk | Foar Saanske Skâns | ||||
Wormerlân | 11 | 3 | Wiidewormer | ||||
Purmerend | 14 | 4 | Purmerend-Súd | N235 | |||
15 | 5 | Purmerend | |||||
17 | 6 | Purmerend-Noard | N244 | ||||
Koggelân | 29 | 7 | Avenhorn/Hoorn-West | N243, N247 | |||
Hoorn | 32 | 8 | Hoorn | ||||
34 | 9 | Hoorn-Noard | N302 | ||||
Medemblik | 36 | 10 | Wognum | N241 | |||
39 | 10a | Abbekerk | |||||
43 | 11 | Medemblik | N239 | ||||
Wieringermar | 50 | 12 | Middenmar | N242 | |||
55 | 13 | Wieringerwerf | N240, N248 | ||||
Wieringen | 64 | 14 | Den Oever | N99 | |||
Fryslan | Súdwest-Fryslân | 97 | - | Koarnwertersân | |||
101 | Knooppunt Surch | A31 | |||||
101 | 15 | Surch | |||||
105 | 16 | Wytmarsum | |||||
110 | 17 | Boalsert-Noard | |||||
112 | 18 | Boalsert-East | |||||
115 | 19 | Nijlân | |||||
118 | 20 | Snits-West | |||||
119 | 21 | Snits-Súd | |||||
119 | 21a | Snits-Wâldfeart | |||||
120 | 22 | Snits-East | |||||
Skarsterlân | 133 | 23 | De Jouwer-West | ||||
136 | Knooppunt De Jouwer | A6 | |||||
140 | 25 | Aldehaske | |||||
It Hearrenfean | 142 | 26 | It Hearrenfean-West | ||||
144 | Knooppunt It Hearrenfean | A32 | |||||
147 | 26a | Tsjalbert | |||||
Opsterlân | 152 | 27 | De Gordyk | ||||
158 | 28 | Beetstersweach | |||||
Smellingerlân | 161 | 29 | Drachten-Sintrum | ||||
165 | 30 | Easterwâlde | N381 | ||||
165 | 30a | Drachten | N31 | ||||
Opsterlân | 170 | 31 | Fryske Peallen | N358 | |||
Grinslân | Marum | 176 | 32 | Marum | |||
180 | 33 | Boerakker | N388 | ||||
De Like | 184 | 34 | De Like | N372 | |||
Grins | 191 | 34a | Westpoarte (Grins) | ||||
193 | 35 | Heechtsjerk | N372 | ||||
196 | 36 | Ring Grins-West | N370 | ||||
196 | 36a | Martini sikehûs | |||||
197 | Julianaplein | A28 | |||||
198 | 37 | Helpman | |||||
198 | 37a | Oosterpoort | |||||
199 | 38 | Jeropaplein | |||||
? | Euvelgunne | N46 | |||||
? | 39 | Engelbert | |||||
Hoogezand-Sappemeer | 213 | 40 | Foxhol | N386 | |||
215 | 41 | Hoogezand | N387 | ||||
218 | 42 | Sappemeer | |||||
Menterwolde | 222 | 43 | Súdbroek | ||||
224 | 44 | Noardbroek | N33 | ||||
Scheemda | 230 | 45 | Scheemda | N362 | |||
232 | 46 | Heiligerlee | |||||
Winschoten | 240 | 47 | Winschoten | N367 | |||
Bellingwedde | 246 | 48 | Aldeskâns | ||||
Reiderlân | 251 | 49 | Bad Nijeskâns | ||||
AkwaduktBewurkje
By Snits giet de A7 ûnder in akwadukt troch, de Prinses Margriettunnel foar it Prinses Margrietkanaal.