Scheemda
Scheemda (Grinslânsk: Scheemde) is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It plak leit yn de regio en de âlde Fryske goa Aldamt.
Scheemda | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.970 (1 jannewaris 2019) |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53°10′ NB 6°58′ EL |
Webside | www.scheemda.nl |
Yn 2019 telde it plak, mei Eexta, Eexta-Súd en it buorskip Scheemdermeer ynbegrepen, neffens it CBS 4970 ynwenners.
NammeBewurkje
Scheemda hiet oarspronklik Eexta-scheemte (de hiemen fan Eexta), dat letter ôfkoarte waard ta Scheemte en sadwaande ta Scheemda.
SkiednisBewurkje
Scheemda ûntstie nei alle gedachten oan de ein fan de tolfde iuw. Yn de trettjinde iuw waard der in tsjerke mei in lossteande toer boud. Scheemda ûntstie yn in feangebiet op it "Skiereilân fan Wynskoat", dat yn gebrûk as kultuergrûn naam waard en dêr't, lykas by Eexta, rogge ferboud waard en fee holden waard. Dêrtroch moast it feangebiet ûntwettere wurde, dêrtroch't it fean begûn yn te klinken en de grûn begûn te sakjen. Dat makke it ôfwetterjen hieltyd slimmer. Yn 1391 waard Scheemda yn in wetterskiedingsakte, dat troch de bestjoeren fan it Aldamt en it Reiderlân opsteld waard, foar it earst skriftlik neamd. By de Twadde Kosmas- en Damianusfloed fan 1509 ferdwûn it doarp yn de úttynjende Doalert. Dêrnei waard it doarp fannijs boud likernôch in kilometer westlik op in heger plak tichter by Eexta. It plak fan de âlde tsjerke fan Scheemda, en it tsjerkhôf dat der by hearde, stiet bekend as Ol' Kerkhof (Ald Tsjerkhôf). Yn 1988 en 1989 waarden troch opgravings de âlde fûneminten fan de tsjerke en toer werom fûn. Yn 1992 waard troch it ferdûbeljen fan de A7 de nije dyk der oerhinne lein.
Scheemda en Eexta leine hiel ticht byïnoar, mar de twa doarpen woene lykwols selsstannich bliuwe. Yn 1515 waard de nije tsjerke fan Scheemda boud, en yn 1570 oanfolle mei in lossteande toer. Dy tsjerke stiet eins mar 700 meter fan it plak dêr't oant 1870 de grutte trettjinde iuwske Tsjerke fan Eexta stien hat.
Tusken 1635 en 1640 waard, lykwols mei in soad tsjinstribbeljen, it Wynskoaterdjip groeven tusken de twa doarpen troch. Der waard in stiennen bôchbrêge oer it kanaal boud dy't de twa doarpen meiïnoar ferbûn. It kanaal waard in wichtige boarne fan ferfier tusken Grins en Wynskoat en dêrtroch ûntstiene yn Scheemda en Eexta in soad hannel en bedriuwigens. De twa doarpen woeksen dêrtroch hurd nei inoar ta. Yn 1724 waard skreaun dat de twa doarpen it suver uterlik fan in stedsje hiene. Scheemda en Eexta waarden stadichoan in dûbeldoarp.
Yn 1868 waard stasjon Scheemda boud yn Eexta. Tusken 1900 en 1968 draaide de striekartonfabriken fan De Toekomst by Scheemda. It kompleks, mei de hege skoarstientoer is fan de A7 ôf te sjen.
Nei de Twadde Wrâldkriich ûntjoech Scheemda himsels ta in forinzedoarp fan Wynskoat. Yn 1954 waard it Wynskoaterdjip nei it suden ferlein, dêr't de âlde rin foar it grutste part dimpt waard. Scheemda woeks stadichoan fêst oan syn dûbeldoarp Eexta, dat yn 1964 opheft waard en in part fan Scheemda waard. De befolking ûnderskied de twa kearnen hieltyd noch wol. De A7 waard yn 1992 oanlein bylâns Scheemda.
NijsgjirrichBewurkje
Yn it doarp stiet it gebou de Esbörg út de achttjinde iuw. Neffens de eigeners giet it om in boarch, mar it komt net foar yn it standertwurk Ommelander Borgen en Steenhuizen fan Formsma en it hiet foar 1954 Huize Hesse. De namme ferwiist nei de famylje Hesse (in hynstehanneler), dy't dêr yn de iere njoggentjinde iuw wenne (Hesse Börg). Foar 1954 wennen der twa dokters yn. Oant 2016 hat der in jongereinherberch yn sitten. It doarpshûs sit der ek yn.
Yn Scheemda en Eexta hawwe der yn it ferline ek in fjouwertal mûnen stien.
Eardere gemeenteBewurkje
Yn 1808 waard de gemeente Scheemda oprjochte, dy't út de doarpen Scheemda, Eexta en Nieuw-Scheemda bestie. Yn 1821 waard Westerlee, dat doe in selsstannige gemeente wie, deer oan tafoege. By de gemeentlike weryndieling fan 1990 waarden de gemeenten Midwolda en Nieuwolda by Scheemda foege. Dy nije fúzjegemeente hie in oerflak fan 117,17 km² (wêr't der 2,41 km² wetter fan wie) en telde op 1 jannewaris 2007 14.107 ynwenners. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard de gemeente Scheemda gearfoege mei Reiderlân en Wynskoat ta de gemeente Aldamt.
De gemeente Scheemda hie nei de weryndieling fan 1990 acht offisjele kearnen (doarpen) dêr't Scheemda it haadplak fan wie. De oare sân doarpen wiene: Midwolda, Hilligerlee, Westerlee, Nieuwolda, Oostwold, Nieuw-Scheemda en 't Waar.
De gemeente hie ek de folgjende buorskippen:
- Bikkershorn
- Bovenstreek
- Ekamp (foar in part)
- Meerland
- Napels
- Niesoord
- Nieuwolda-Oost
- Oostwolderhamrik
- Oostwolderpolder
- Scheemderzwaag
- Tranendal
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Scheemda fan Wikimedia Commons. |
Stêd: Wynskoat | |
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | |
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | |
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | |
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip |